pagina - 7  tot 20  Tusken tomme en wiisfinger

http://www.doarpsnijs.net

 

deel 1  en deel 2

Jelle Geert Reitsma: “Ik haw nog hieltyd prachtige tinzen oan myn jeugdjierren yn Eksmoarre”.

Een aantal maanden geleden, eind 2009, kreeg de redactie in naam van Mirjam van der Helm een telefoontje vanuit Balk. Ene Jelle Reitsma gaf aan dat hij veel ansichtkaarten in bezit had met aangezichten van Exmorra. Hij vroeg zich af of Doarpsnijs hier ook belangstelling voor had. Mirjam bracht het onderwerp ter sprake in de redactievergadering en had hier en daar nog telefonisch contact met dhr. Reitsma met de vraag of hij ze ook digitaal kon aanleveren om ze te bekijken. Het antwoord van Jelle Reitsma was dat hij dezelfde avond wel langs wilde komen om de kaarten te laten zien. Inmiddels waren we er na veel plussen en minnen achter dat het hier om de broer van de reeds overleden

Exmorster Hans Reitsma ging en dus een zwager van Ritty Reitsma-van der Valk. Nog een paar weken verder bedachten we dat dit één van de broers was die met de Exmorster feesten altijd bij het kaatsen aanwezig was. En dus hadden we er ook een gezicht bij. Dat bracht ons op het idee om de kaarten maar eens te gaan bekijken en Jelle Reitsma meteen te verleiden tot een interview.

Een telefoontje van Mirjam leverde op dat het interview akkoord was, dat de foto’s digitaal versturen lastig werd en dat we die bij het bezoek dan meteen konden bekijken. Goed idee en meteen alles opgelost, zo dachten we.

Echter eind december waren we nog niet ter plaatse. De eerste afspraak werd omwille van een onduidelijke reden van onze kant afgezegd. De tweede afspraak ging ook niet door vanwege een nog onduidelijkere reden van onze kant en nummer drie werd afgebeld door Reitsma i.v.m. hevige sneeuwval en een onverantwoorde rit voor de ‘famkes’ naar Balk. Gelukkig zijn we niet voor één gat te vangen en na een vierde afspraak ging de reis dan echt naar Balk. En zo ging er een winter en een voorjaar overheen voordat Boukje Brander en ondergetekende op een maandagavond in Balk arriveren. En Jelle Reitsma merkt terecht op: “Wat in het vat zit, verzuurt niet..”

Jelle Reitsma en echtgenote Reny Reitsma-Reitsma zitten er klaar voor. Terwijl Reny Reitsma de koffie klaarzet, bewonderen wij de opgezette vogelserie van haar echtgenoot. Hij maakt ons in korte tijd bekend met alle Friese weidevogels en waar ik nauwlettend zit te luisteren, zit Boukje zich hardop af te vragen of zulke opgezette vogels ook afgestoft dienen te worden. En nog erger of de vogels zonder afstoffen ook echte stofnesten worden. Jelle Reitsma blijft geduldig, geeft inderdaad aan dat de opgezette dieren zo nu en dan door hemzelf worden afgestoft, waarna Boukje nog een verhaal begint over een opgezette uil van een familielid die na jaren uit elkaar is gevallen van stof-ellende en ik inmiddels het schaamrood op mijn kaken heb staan. Met andere woorden: Les 1 van ‘Hoe begin ik een interview…’

 

Enfin, de koffie is ingeschonken en Jelle Reitsma haalt zijn ansichtenkaarten boek erbij. Een prachtige map met tientallen kaarten van Exmorra. Volgens Reitsma moet er nog tenminste één ansichtkaart zijn, maar tot op heden heeft hij die niet weten te vinden. Met zijn echtgenote loopt hij veel rommelmarkten af om toch weer nieuwe kaarten te ontdekken, maar de collectie lijkt bijna compleet. Het zijn prachtige kaarten waarbij Reitsma ook veelal de namen van de mensen op de kaarten heeft achterhaald. We spreken af dat we een aantal kaarten in het Doarpsnijs plaatsen, zodat iedereen van deze collectie kan meegenieten.

 

Na de ansichtkaarten vragen we Reitsma om wat meer over hemzelf te vertellen en over zijn jeugd in Exmorra. Jelle Reitsma trapt af: Ik bin yn1937 berne op de pleats dêr’t no Johan en Anneke Tolsma wenje. Myn âlders binne echte Eksmoarsters: Jelle en Foekje Reitsma-Jagersma en ik kom út in húshâlding mei 8 bern. Ik wie de âldste en nei mij kamen Martje, Hans, Jan, Harm, Theo, Marinus en Jacobus (Koos). Eksmoarre is foar my in prachtige jeugd west, ik haw der genoaten. Myn leaftiidsgenoaten binne: Aiso Gietema, Johannes Reitsma, Jan Oord, Klaas Wiersma, Johannes F. Postma, Auke en Lammy Plantenga. Ik haw oant myn 18e jier yn Eksmoarre wenne en bin doe yn tsjinst gongen. We haw der altyd in soad wille hân, mar ek de oarlochstiid meimakke. Op in dei wie der in ynfal by ús buorfrou Afke en ek wy hiene trije ûnderdûkers thús. Us mem seach dat en fleach nei hûs om ús ‘e ûnderdûkers te warskogjen. De ûnderdûkers fleagen fan skrik alle kanten op en de Dútskers hiene fansels wol yn de gaten wat der oan de hân wie. Se kamen by ús thús en setten ús mem in revolver op it boarst. Us mem is der

lokkich mei fuort kommen troch fol te hâlden dat se net wist wie’t de fuortdravende minsken wiene en dat it warskynlik minsken wiene dy’t troch de honger op de pleats ôfkommen wiene.

Ik wie tige wiis mei myn heit en mem. We moasten thús wol oanpakke. Heit wie fanôf moarns betiid altyd in soad fuort foar de feehannel. Sneins wie hy wol thús. Yn dy tiid hiene myn âlden 30 kij te melken. Sietze de Jong wie arbeider by ús. It wie in aparte man, yn de hiele goede sin fan it wurd en ik koe it altyd geweldich mei him fine. Us heit molk moarns en jûns en ik holp heit in soad. Yn de fakânsjes wie ik mei Sietze oan it wurk, foaral de dongbult ùtride. Ik mocht graach melke. Doe de melkmasine kaam, haw ik hast nea mear molken. Dêr fûn ik wier neat oan. Ik mocht graach skûmmelke en dat koe fansels net mei de masine. Mem woe graach dat har bern learden as se dat ek woene. Dat wie yn dy tiid fansels wol bysûnder. Net elts bern yn ús húshâlding woe leare, mar dy’t it woe, krige de kâns. Ik haw fan 1950 oant 1956 it Kristlik Lyceum yn Snits trochrûn. Ik gong dan 4 oere fan bed ôf, dan molk ik moarns earst acht kij (winterdei), learde fan 5 oant 7 oere en fytste dêrnei nei skoalle yn Snits. Nei it Lyceum bin ik betijd yn tsjinst gongen, want ik wie krekt twa moanne te âld om troch te learen foar feearts. Dan earst mar yn tsjinst en dan trochleare foar feearts.

 

Yn juni 1958 wie ik op oefening op de Veluwe doe’t ik by de kaptein komme moast. Der wie thús in earnstich ûngelok bart mei myn jongste broerke Koos en ik moast mar gau nei hûs ta gean. Ik bin fuort mei de trein nei Ljouwert ta gongen. Thúskaam wie Koos al ferstoarn, Hy wie mei in izeren fyltsje yn oanrekking kaam mei in krêfstream tried en op slach dea. Dat wie foar my, mar fansels foar ús allegearre, in grutte slach. Ik wie oergryslik wiis mei Koos. Ik wie de âldste en hy de jongste. We skeelden 18 jier, mar as ik thús kaam út tsjinst, naam ik altyd in reepke foar him mei. En no, 2,5 jier âld, wie Koos der net mear. Dat hat net in maklike tiid foar my west.

 

Myn broer Hans, dy’t jimme miskien wol goed kinnen haw, wie yntusken al yn Amerika bedarre. Hy kaam wer thús by it ferstjerren fan ús Koos en krige doe al ferkearing mei Ritty. Ritty is mei him mei gongen en letter binne se wer werom kaam om hjir te trouen. Dêrnei binne se een pear jier yn Amerika bleaun. Heit koe in grutter spul krije dan hjir yn Eksmoarre en Jan, Theo en Marinus woene allegear boer wurde. Heit koe in hierpleats krije by Dokkum. Ik en myn suster hiene gjin sin om mei nei Dokkum te gean. Heit hat doe Hans belle as hy ek boer wurde woe op de pleats yn Eksmoarre, dan gongen

heit en mem nei de pleats yn Dokkum. Hans en Ritty binne doe wer werom kaam en heit en mem binne mei Jan, Theo en Marinus nei Dokkum ferhuze. Heit en mem wennen der midden yn de wrâld, mei in auto wie der net te kommen. Allinnich mei in boatsje wie der te kommen en simmers op de motor wie it paad nei de pleats te beriden. De pleats hie 50 hectare lân en dat wie in protte yn dy tiid. Der moast noch wol in protte yn de pleats gebeure en Yde Schakel hat dêr in hiele simmer wurk hân. Mem wie yn it begjin dea ûnwennich, mar dat is letter wol goed kaam.  Myn broerke Marinus is yn de omkriten fan Dokkum mei in boeredochter trout en is op de pleats kaam fan syn skoanâlden. Theo hat wurk krigen by de ridende melkûntfangst en Jan is úteinlik op de pleats kaam yn Dokkum. Mar myn broer Harm is eins de echte boer út ús ‘e húshâlding. As ús Harm in ko sjocht, kin der de ko ek. Hy hat deselde jefte as ús heit en Hans hie dat ek. Heit koe ek in ko op de merke sjen en as dizze in pear wiken letter der wer wie, helle der dizze ko der sa wer út. Mar Harm is úteinlik gjin boer wurden, mar wol feearts..

 

Yn tsjinst dy ik in protte oan sport en dêr hie ik ek in soad nocht oan. De sportynstrukteurs yn tsjinst fregen my wat ik fan berop wie. No, ik hie noch gjin berop en de mannen fûnen dat ik tige geskikt wie foar de sportakademie. De sportakademie duorre trije jier en dat wie in stik minder lang as trochleare foar feearts. Dus dat like my wat better ta. Moast dy yntinke, ik fertsjinne yn tsjinst al wat. As ik noch trochleare woe foar feearts, moast ik de hân ophâlde by myn âlden en noch sân jier studearje en dêr hie ik gjin sin mear yn.

 

Dus op keamers yn Grins. Ik tocht dat ik mei dizze stúdzje aanst sa hurd koe rinne, dat ik der myn jild mei fertsjinje koe. Ik hie werklik gjin idee oan wat foar oplieding ik yn Grins begûn. Yn 1958 bin ik nei tsjinst begûn oan de A.L.O. (Academie voor lichamelijke opvoeding) om in oplieding te folgjen foar gymnastyklearaar op middelber skoallen. Ik haw dêr in prachtige tiid hân. Yn dy tiid krige ik ek wat ferkearing mei Reny. Mar earlik sein, haw ik der wol spyt fan hân dat ik net nei Utrecht gong bin om feearts te wurden. Op de A.L.O. haw ik wolris tocht: “As ik de Lotto win, gean ik alsnoch nei Utrecht ta om feearts te wurden”.

 

Yn 1962 bin ik foar de klas kaam op de ULO yn Bolsward en Snits, Ik haw dêr myn beide broers yn de klas hân en ek twa fan myn skoansuskes. Ik haw 30 jier gymnastykles jûn oan de kweekskoalle

yn Snits (nu Pabo) en haw dêr alle ûnderwizers út de súdwesthoeke yn de gymnastiekoeren yn de klas hân. En ja, ek myn tantesizzer Selma (Selma Scheltinga-Reitsma, dochter van Ritty Reitsma).

 

Yn 1963 binne Reny en ik trout. Reny kaam út Wolsum en we krigen kunde oan elkoar yn Boalsert by it útgean. Nei us trouwen haw we in heal jier by har âlden op de pleats wenne yn Wolsum en we wiene ek wolris in wykein op de pleats by myn âlden. Der wie yn dy tiid gjin hûs te krijen, it wie echt tige krap op de huzemerk en keapje koene we fansels noch net. Mei wat gelok koene we oan in hûs komme yn Jutryp. Fia in omke fan Reny koene we oan it skoalmastershûs komme yn Jutryp ûnder betingst dat ik de gymnastykferieniging yn de Hommerts-Jutryp oppakte. En dat haw we dien. We haw 30 jier mei in protte wille yn Jutryp wenne. Yn Jutryp haw we trije bern krigen: Jelle Koos (1964), Kees (1966) en Piety (1967).

 

Yn Eksmoarre kom ik noch hieltyd regelmjittich. Net allinnich by myn skoansuske Ritty, mar ek elts jier by it doarpsfeest. Ik kom der echt foar it keatsen. Dat haw ik eartiids ek in soad dien. Ik haw de allerearste Bruniapartij wûn en stean dus op it boerd wat yn de keatskantine hinget. Dêrneist mei ik graach jeie. Dat doch ik yn it lân fan Reinder Jan Postma, Sieko Postma, Douwe Terluin en fansels by Rudolf en Selma. Ik keatste en jeie net allinnich graach, ik mei ek graach fytse en haw in protte oan atletyk dien. Ek bin ik referee by it honkbal. Reny is ek sportyf. Sy hat leidster west by de gymnastykferieniging  en mei ek graach reedride, fytse (10 kear de 11-stedentocht fytst) en rinne.

 

Ik bin altyd in soad bûten. No’t we yn Balk wenje, bin ik in soad yn de tún en yn de grientetún. Reny en ik binne beide echte bûtenminsken. Ik haw fjouwer âlvestêdekrúskes. Ik haw de tocht 4 kear riden op redens. Yn 1956 foar de earste kear, yn 1963 bin ik yn Boalsert ôfstapt en ik fyn it noch spitich dat ik doe net lid wie. As ik yn dat jier lid west wie, hie ik twa oeren earder startte mochten en miskien de tocht wol útride kinnen. Ik haw de tocht twa kear rûn en sa ‘n 5 as 6 kear fytst. En ja, ik haw dus it Alvestêdebrevet.

 

En dan haw ik noch in aparte hobby. Myn suske Martje is trout west mei in Pers en hy wie tapyt knoper fan berop. En omdat ik slim stil sitte kin, hat hy my leart om Persyske kleden te knoopjen.  En sa haw ik 20 jier lang eltse dei op syn minst twa oeren deis knoopt. Yn elts kleed datst hjir sjochst lizzen, sit 1.600 oeren knopen yn. Ik haw

der sawat 13 makke. Yn 1999 bin ik mei it knopen fan kleden opholden en haw it yn totaal sân 20 jier dyn.

 

Hoe dan ek, do hearst wol dat der hobby ‘s genôch binne en dat Reny en ik ús goed fermeitsje. Boppedat haw we ek noch 5 bernsbern en dat is ek in aardichheit.

En met deze zin sluiten we het interview af. We laten de ansichtkaarten, de Perzische tapijten en de vogelserie achter ons en rijden terug naar Exmorra. En we hebben het nog niet eens gehad over het boek dat Jelle Reitsma heeft geschreven over  de bewoners in Exmorra. Maar daarover later meer in het Doarpsnijs.

In gesprek met Jelle Reitsma levert bladzijden informatie op over Exmorra. Het dorp waar hij zo genoten heeft in zijn jeugd en waar hij met veel plezier zo nu en dan terugkomt.  Jelle en Reny Reitsma, hartelijk dank voor de gastvrijheid, voor de vele informatie over oud-Exmorra en binnenkort besteden we aan dat laatste nog uitgebreid aandacht in het Doarpsnijs.

 

Tekst: Sarie Lycklama à Nijeholt


 

Groep 8 van CBS de Oerdracht verlaat de basisschool en zet grote stappen richten een prachtige toekomst.

 

Ook dit jaar zetten we het inmiddels traditionele interview met alle schoolverlaters van groep 8 weer voort. In tegenstelling tot vorig jaar heb ik voor dit jaar een eitje. Liepen er vorig jaar nog een tiental schoolverlaters door ons huis achter de katten en met hamsters in de armen, deze keer gaat het maar om twee schoolverlaters. En dat is voor de schrijfster na de klus van vorig jaar best iets om naar uit te kijken. Ik schakel Ingmar in om zijn klasgenootje Nicole warm te maken voor het gesprek en dat lukt prima. Ingmar geeft later nog even door dat Nicole wat later komt in verband met haar schaatstraining, maar op de avond zelf blijkt het anders te zijn. Nicole is keurig op tijd en Ingmar komt een kwartiertje later. Ook geen probleem want er zijn dit jaar maar twee.  Nieuw is ook, dat Nicole keurig aan de ene kant van de tafel gaat zitten en dat Ingmar keurig aan de andere kant van de tafel gaat zitten. Zo netjes ben ik ze niet gewend. De meeste keren zijn de aangekomen kinderen meteen al in het uitgestalde speelgoed van mijn kinderen gedoken of hebben inmiddels de eerste poes te pakken. Ingmar en Nicole zitten echter wel een heel eind uit elkaar, zou dit wel een goed voorteken zijn

 

Nicole Steigenga

 

 Maar dat valt mee, tijdens het gesprek wordt er keurig antwoord gegeven en zelf Ingmar –die hier en daar best een aardig verleden heeft op deze school- heeft het in de genen om later in de politiek te gaan. Een paar politieke antwoorden na de gestelde vragen zijn hem niet vreemd. Er worden geen excessen genoemd en er waren geen vervelende juffrouwen of meesters. Ze hebben het beide gewoon prima naar de zin gehad op deze school en vonden elkaar ook best wel te pruimen.

Ingmar (Ingele Marten) Mulder:

Ik bin geboren op 23 september 1998 in Elahuzen. Ik bin yn 2001, doe twa jier âld, ferhuze nei de Meerweg 7 yn Allingawier. Us heit en mem ha doe de pleats oernamen fan pake en beppe Reitsma. Myn âlders hjitte Jelly Reitsma en Sybren Mulder.

Ik haw ien suske Martine (9). In pear jier lyn bin ik werom west nei Elahuzen en doe haw ik myn freondsje fan dy tyd noch troffen. We herkenden elkoar net mear, mar haw wol moai fuotballe

 

Nicole Steigenga:

Neffens my wie myn efternamme froeger Stegenga. Se haw ooit in foutsje makke by de gemeente en doe is it Steigenga wurden. Ik bin geboren yn it sikenhûs fan Snits op 27 januari 1998. Myn heit en mama wennen doe noch yn Snits, yn in flat. De flat stiet der neffens my net mear. Ik haw der net iens in heal jier wenne en doe bin ik nei Eksmoarre ferhuze. We binne doe te wenjen kaam oan de Brakelstrjitte nummer 1 en sûnt 2 jier wenje we yn de van der Weijstrjitte 21. Myn âlders hjitte Sierd Steigenga en Asia (Johanna) Steigenga-Lubinska. Myn mama is in Poolse. Beppe Steigenga, Klaasje Bijlsma en noch mear minsken gongen geregeld nei Polen ta om dêr spullen te bringen. Us heit gong wol faker mei nei Polen en dêr is ús heit, myn mama tsjinkommen. Myn mama ferstjit wol fries, mar se praat Nederlânsk. Us heit en mem prate ûnderling Nederlânsk en heit praat fries mei ús. Ik haw ien suske Ilse (7) en Ilse praat Nederlânsk mei my, mar ik praat fries werom. Mei ús heit praat se wer fries. Ik haw fan ús mama Pools praten leart, dêrom kin ik myn babcia (beppe yn Poalsk) ek ferstean en mei har prate

 

Het is een wondere wereld in huize Steigenga. Maar het is duidelijk dat met deze Babylonische spraakverwarring binnen het gezin, Nicole gezegend is met een prachtige talenknobbel.

 

Wat doen jouw ouders en wat vind je van hun beroep ?

Ingmar: Myn heit hat in coaching- en adviesbedriuw Reflex. Hy is no mei in projekt bezig dat hjit it foersintrum. Ik wit net presies wat der dan docht. Hy jouwt foarnamlik adfys oan boeren. Us heit is altyd in soad ûnderweis. Myn mem wie froeger skoaljuffrou op de legere skoalle yn Elahuzen en doe wy yn Allingawier kamen te wenjen haw ús heit en mem tegearre de pleats oernaam fan pake en beppe Reitsma. Yn february 2009 binne se mei it buorkjen stoppe en no is ús mem oan it learen op de NHL, iets mei omgangskunde. Us heit sit in soad  yn de auto en dat liket my niks en ús mem is no oan it studearjen. En ik hâld eigenlyks net fan skoalle, dus ek net echt fan studearjen. De beroppen fan myn heit en mem wurde it in elk gefal net. En in boer wie ik ek net echt

 

Nicole: Myn heit is plysje. Hy wurket yn de omgeving fan Boalsert. Sa no en dan hat er nachttsjinsten. Us heit hat ek it motorrybewys, meastal rydt der yn de auto en soms op de motor. Ik bin wolris mei heit nei it wurk west, mar noch net yn it neie buro. Achterop de motor en mei yn de plysjeauto mei wol om my snel of te setten, mar net as der wat gebeurt en heit derby wêze moat. Us heit is top-amateur hurdfytsen. Hy is soad oan it trainen en hy hat folle fytswedstriden. Ik gean sa no en dan wol mei en fan ‘e wike hat hy in wedstryd wûn en doe wie ik wol mei en heit hat no de giele trui (hy stjit boppeoan yn it jierklassemint). Myn mem hat yn it restaurant op it strân yn Makkum wurke en letter by de kofjefabryk yn Boalsert. Se hat ek skjinmakke, ek by Ingmar thús… Ik wit net seker as se dat no noch docht. No is it Heamiel yn Boalsert en dêr is se no oan it wurk as tolk foar de Poalske dûnsers.

Ik fyn plysjeman wol in moai berop, mar der sitte ek minder leuke kanten oan. Foaral as der ien stoarn is troch in ûngelok. Twa kear yn de wike train ik mei heit op de racefyts. Soms wat faker en soms wat minder. Ik fyn hurdfytse wol hartstikke moai.

 

Wat voor opleiding ga je volgen ?

Ingmar: ik gean nei it Marne College yn Boalsert en nei it Havo/ Vwo. Myn score wie Havo. Mar allinnich de Havo bestjit net yn Boalsert. Dus gean ik nei Havo/vwo. Nei in jier of nei twa jier moat ik dan in keuze meitsje as ik de Havo as it Vwo dwaan gean. Ik kom yn in groep mei 26 bern. De measten komme út Boalsert. Ik sit ek by 4 foutbalspielers van RES yn de klas. Dêr kin ik wol mei opsjitte, foar it earst yn myn leven. Ik sit no by de beste fuotballer fan de D-s fan RES yn de klasse. Der komme in soad bern út plakken om Boalsert hinne by my yn de klasse. Net ien út Eksmoarre. Ik haw de bern út de klasse al sjoen, 9 juni wie ús kennismakingsdei. It liket my wol in leuke klas ta. Ik haw der wol sin oan. Ik haw hiel lang sein dat ik nei it RSG gean. Uteinlik hie ik gjin sin om sa ‘n ein te fytsen en in pear jongens út myn fuotbalteam gongen ek nei it Marne College Havo/VWO. Ik fyn it net erg om sûnder Nicole yn de klasse te sitten, ik fyn it wol moai om wer nije freonen te meitsjen

 

Nicole: Ik gean nei it Marne College yn Boalsert en nei it Havo/ Vwo. Myn score wie ek Havo. En foar my jilt ek dat allinnich de Havo net bestjit yn Boalsert. Dus gean ik nei Havo/vwo, lykas Ingmar. Ik kom dus net yn deselde groep as Ingmar. Ik kom yn in klasse mei 26 of 28 bern. Ik makket mei net út dat ik net by Ingmar sit. De measte bern komme út Makkum en de rest út allegear oare plakken en net ien út Boalsert. En dat fyn ik prima, want ik kin net sa goed mei stêdsbern opsjitte. Ik haw myn nije klasgenoaten ek op 9 juni sjoen en dêr sitte wol leuke bern by sa op it each. Ik haw ek wol oer de RSG neitocht omdat der in sportaksent klas is. Ek ik bin gek op sport, mar ik haw goed mei myn heit oerlein en dêrnei besletten dat ik better nei Boalsert kin, dat is tichterby en dan haw ik mear tiid om te trainen. Boppedat liket it Marne College my ek leuk ta. Ik haw wol sin oan Boalsert, mar ik woe ek noch wol in jier yn Eksmoarre bliuwe. Ik hie wol graach yn de klasse sitten wollen by Annemiek Zuidema en Benthe de Witte (groep 7).

 

Wat vond je leuk aan school en wat minder leuk ?

Ingmar: Ik fûn it leuk om hjir te ouwehoeren en te kletsen ûnder de les. Ik fûn it rekenjen ek leuk. Yn groep 2 sieten Lysbeth van der Zee, Pier Burghgraef en Lieuwe Postma ek noch by ús yn de klasse. Doe wiene we noch mei syn fiifen. No binne we mar mei syn twaen en as we in opdracht mei mear minsken dwaan moasten, haw ik gjin oare kar dan dat mei Nicole te dwaan. Ik woe ek wolris mei in oar. Foardiel is wol dat as we in praatles hienen en ik snapte it net, it sneller oan my útlein waard dan as ik op in grutte groep wachtsje moat. Taal wie echt net leuk, spelling, begrypend lêzen en skiednis fyn ik ek net echt leuk. Ik haw it op sich wol nei myn sin hân op dizze skoalle. Oan de iene kant bin ik wol bliid om nei in oare skoalle te gean, dan lear ik wer nije minsken kinnen. Oan de oare kant fûn ik it ek leuk om mei Gerrit Terluin, Tsjalling Faber en Albert Feenstra te boartsjen. Dat wiene ek myn ouwehoer freonen.

 

Nicole: Ik fûn it hjir altyd wol gesellich. It lêste jier wie wol it leukst. Ik fûn gym altyd hartstikke leuk en ek aardrijkskûnde. Ik fyn in hiel soad wol leuk, behalve rekkenjen. Ik fyn it wol leuk om nei skoalle te gean, oars ferfeel ik my ek mar. Net leuk fûn ik as juffrou segrinich wie en dat binne se allegear wolris. En as de juffrou streng is en ik dêrom net by Benthe en Annemiek sitte meie.

Ik haw noait by famkes yn de klasse sitten, allinnich mar famkes út in oare groep en dat fyn ik wol jammer. Ik fûn it wol leuk om opdrachten mei famkes te dwaan, mar dy sitte net by my yn de groep. It foardiel is dat der mar weinig yn de groep sit en juf mear oandacht foar dy hat. Ik haw it hjir goed nei de sin h6an, ik hie hjir noch wol in jier bliuwe wollen, mar oan de nije skoalle haw ik ek in soad sin

 

Wat zijn jouw hobby’s?

Ingmar: fuotbal is myn grutste hobby. Ik bin keeper west en no bin ik oanfaller. Ik train twa kear yn de wike en haw in wedstryd op sneon. Ik mei ek graach fiskje, ik haw in hiel soad fiskspul. 20 juni haw ik noch in snoek fongen by ús pake en beppe yn Makkum. Ik spielje gitaar, dat doch ik al trije jier en folgjend jier gean ik, tink ik, elektrysk gitaar spieljen, no spielje ik noch akoestyk. Ik tennis simmers en winters yn Makkum ien kear yn de wike. Mar it moaiste fyn ik om no in soad te fuotbaljen yn Eksmoarre op it fjild.

 

Nicole: Ik bin gek op fytsen mei heit of beppe Steigenga en foaral hurdryden op de skaats. Shorttrack fyn ik hiel leuk. Dat gean ik folgjend skaatsseisoen dwaan. Simmers fyts ik twa as trije kear yn de wike mei heit. Woansdeitejûn train ik by de skaatsklub yn Boalsert. Winters skaats ik ien kear langebaan yn de wike mei de klub op woansdeitejûn. Sneons en soms ek sneins gean ik mei de bus nei Hearrenfean om te riden. Sneons train ik mei Lou Bethlehem. Dat wie froeger ek de trainer fan ús heit. Soms giet heit ek mei en dan gean we mei de auto. Dêr komt dit winterseizoen shorttrack by op freedtejûn en dan haw ik sa no en dan noch de wedstriden.  Ik fyn hynders ek noch hiel leuk, (Ingmar: “Ik tocht al wannear komt dat ?”)  en nagellakken ek (Ingmar: ahhhh, net bêst…). Ik haw der no net safolle tiid oan besteed, ik haw no rôze en blauwe nagels. En ik mei ek noch graach mei myn freondinnen boartsje..

 

Wat wil je later worden ?

Ingmar: Miskien wol sportleraar. Mar ik soe it fierder echt net witte. Ik bin der ek noch net mei besig.

 

Nicole: Ik wurd profskaatser. Dêr haw ik gjin twyfel oer. En oars wurd ik baanhurdfytser. 

 

Het einde van het interview is genaderd en het is inmiddels al 10 uur in de avond. Ingmar heeft duidelijk nog veel energie en meldt dat hij op de fiets naar huis gaat om daar de

WK voetbalwedstrijden nog even te gaan kijken. Nicole heeft een training achter de rug, leeft in een strak sportregime en gaapt hier en daar om uiteindelijk straks maar het bed op te zoeken. Een bijzonder stel, deze twee schoolverlaters. Het lot heeft hen bij elkaar gebracht en het feit dat je jaren met z’n tweeën in een klas zit, betekent dat je v

voor een deel wel min of meer op elkaar bent aangewezen. En dat is soms niet erg, maar is ook niet altijd leuk, dat is me wel duidelijk geworden. Tsja, en dan een voorspelling waar deze schoolverlaters over een jaar of 15 staan. Nicole is een duidelijk die erg goed weet wat ze wil. Heeft duidelijke keuzes gemaakt en weet wat haar einddoel is en dat zie ik ook nog wel gebeuren. Deze dame heeft een vader met de nodige sportervaring en heeft duidelijk haar pijlen gericht op een topsportcarrière. Wie ben ik dan om daar aan te twijfelen. Ze corrigeert haar laatste zin zelfs in het interview. “Ik wol graach profschaatser wurde”, wordt gecorrigeerd in “Ik wurd profskaatser”.  Ja, ik ben er uit, Nicole Steigenga wordt de volgende Marian Timmer. Nog een paar jaar en dan kan ik zeggen dat ik met een Olympisch Kampioen heb gesproken. Dit interview wordt ooit nog goud waard

 

En dan Ingmar. Dat wordt een lastig. Wat zou Ingmar over 15 jaar doen ? Eerlijk gezegd, vind ik dat een lastige inschatting. Ingmar lijkt me niet een zeer geordende persoonlijkheid. Data worden nog wel eens door elkaar gehaald en gelukkig corrigeert Nicole direct als Ingmar er even naast zit. Dat betekent dat iemand het werk voor Ingmar maar moet doen. Ingmar is wellicht voor de toekomst meer een manager. Ingmar delegeert het werk wel, maar geeft wel even aan hoe e.e.a. moet gebeuren. Ingmar is wel gek van voetbal, dus wellicht onze nieuwe toekomstige directeur van SC Heerenveen. Die vallen momenteel toch als rijpe appelen en dan is het wel handig om een paar talenten te hebben zitten. Prachtig toch, twee mensen in ons dorp die in potentie topsporter zijn en iets voor de topsport kunnen betekenen. Dit tweetal gaat het maken ! ! En mooi is, dat ik ze hem gekend !!

Ingmar en Nicole, bedankt voor jullie tijd en ik wens jullie namens Doarpsnijs ontzettend veel succes toe op het Marne College en vooral veel succes en geluk toe voor de toekomst.

 

Interview: Sarie Lycklama à Nijeholt

Foto’s: Ingmar Mulder en Nicole Steigenga