|
Bêste
Hindrik,
Wat hiest wer in nijs út jimme doarpke. Akke dy moast kakke,
Sarie hie de kninen los yn it hok en sels in echte rotonde yn
Eksmoarre. Hoe healwiis wolst it hawwe. No ik sil dy sizze: der
binne altiten bazen boppe bazen; wy krije miskien ús eigen
akwadukt yn Boalsert. Sa lizze der daliks nammentlik mear
boatsjeminsken oan op it Krúswetter en fierderop yn ôns mooie
stadsje. En boatsjeminsken ha jild as wetter, en dat kin wy hjir
wol brûke. Dat begrypst do noch, of net dan.
Is sa'n akwadukt ek net wat foar jim? Ien by de Syl, ien by
Allingawier en ien yn de polder. Kin Jan Postma betiid mei
pensioen. De kâns is dan grut dat ek Allingawier en Eksmoarre
profitearje fan de wettertoerist. Net mear allinnich bussen
mei âlden fan dagen, mar ek grutte jachten yn de opfeart. Kin
Alwin glêzen sloepkes en sylboatsjes blaze. Mar foarsichtich oan
mei dy bou fan dy akwadukten. Foardatst it wist, hast in oaljelek
yn it Fan Panhuyskanaal. Aanst al Otto syn skiep swart. En dan
hast de poppen oan it dûnsjen fansels.
Kinst better wat oars oan it dûnsjen ha. De Bavariababes
bygelyks. Skitterend net, wat in stunt. En eltsenien rint yn
sa’n jurkje. Sels Trees hat der ientsje. Klaasje Bylsma hat der
ek ien ha ik heard. No, sy kin it hawwe hear. En hoe liket dat mei
dyn Lieske?
Sa’n reklamestunt hie ek wol wat foar Sonnema west. It nasjonale
slokje bestiet ommers 150 jier. En dat moast gruts fiert wurde yn
Boalsert. In nije foargevel is der kommen. Neffens my hiene hja
better in aksje betinke kinnen om de foargevel op te liftsjen. Dat
sprekt my yn elts gefal mear oan. Wat te tinken fan in nij
simmerdrankje foar de jonge frou: Sunnema Push-Up, freshes you up.
By seis fleskes krijst de spesiale Sunnema Push-Up-bikini mei
fryske flag-print gratis. In garânsje foar sukses op de Holle
Poarte, of moat ik tsjintwurdich Strand Makkum sizze. In miste kâns
fan Sonnema.
Efkes wat oars. Ik fernaam dat der wat geharrewar is tusken de
keatsferiening en it Honk. Sa hearde ik dat Herman (den Blijker)
de keatskantine in oere nei de lêste party ticht ha wol. Jan
Steiginga wol no dat tongersdeitejûns de dames wat letter
begjinne. Tsien oere fynt hy in moaie tiid. Kinne de froulju thús
earst de boel noch efkes oan kant meitsje (miskien dat Saskia
& Jeroen harren hûs dan ekris ferkeapje), de tafel noch efkes
ôfromje, de ôfwask dwaan (om’t Rients altyd al oan it poetsen
is, sil Sylvia dat wol dwaan moatte) en it ûnkroed tusken de
tegels weihelje (om't Gerrit dat dochs ferrekt, moat Klaaske der
mar op de knibbels foar). En dan noch efkes de kantine himmelje.
Tsien oere begjinne haldt yn dat hja rûn healwei ienen klear
binne. De mannen kinne sa moai oant healwei twaen omset draaie.
Wa net grut is moat slim wêze, sil Jan wol tinke. Hy docht in
protte foar de feriening en is in soad op it keatsfjild te finen.
It gerucht giet dat hy it nei it doarpsfeest eigenhannich omskeppe
sil. Otty sil wol tinke: better ien Jan op it fjild as tsien om de
tiennen.
No
Hindrik, ik sil mei Trees nei it Heamiel. Oant skriuwens en
groetnis oan Lieske.
Dyn maat,
Freerk
|