Juli 2005

naar  www.doarpsnijs.net

Dorpskrant voor Exmorra en Allingawier

 

Jaargang 42, Nr. 2018

Juli  2005  


Voorwoord


Beste mensen,  

 

Juli

 

 

Ik schrijf dit voorwoord terwijl ik op het strand van Terschelling lig. Een weekendje Oerol is vooral genieten en ontspannen, zeker met dit fantastische weer!

Voor de schoolkinderen begint deze maand de vakantie en de bouwvak volgt dan alweer snel. Voor de mensen die geslaagd zijn is het al vakantie. Gefeliciteerd en geniet nog even van jullie vrije tijd! 

In dit DN aandacht voor de uitslag van de fotowedstrijd, waarop we deze keer heel veel reacties hebben gekregen, wie is uiteindelijk de winnaar geworden?

Keetpraat is terug van weggeweest en verder natuurlijk nog meer belangrijke weetjes en nieuwtjes.

Ik zit inmiddels op de boot terug naar huis, de realiteit begint weer.

Terschelling tot volgend jaar!

 

Veel leesplezier en tot volgende maand.

 

De redactie.


Inhoud


 

Soarch en blydskip................ 4

 

Tusken tomme en wiisfinger.. 6

 

Mensen................................ 12

 

Troch Eksmoarre en Allingawier

.............................................13

 

Jo sille it mar beleve............ 19

 

Start uitleenpunt bibliotheek.21

 

Fan alles wat ........................23

 

Sportnijs....... ........................26

 

Keetpraat.............................. 31

 

Kerknieuws.......................... 33

 

Eén, twee, drie................... ..34

 

Út it laadsje.......................... 36

 

Weer.................................... .37

 

Natoer nijs.............................37

 

Maandkalender .................... 38


Soarch en Blydskip


Hallo Dorpsgenoten!

 

Merhaba, Kifak? Goedendag, hoe gaat het?

Inmiddels woon ik 2 maanden in Libanon en probeer ik de Arabische taal onder de knie te krijgen....valt niet mee kan ik jullie vertellen! Gelukkig spreekt een groot deel van de bevolking ook Engels.

 

Begin april ben ik samen met een studiegenootje naar Libanon afgereisd om daar wetenschappelijk onderzoek te doen. Dit onderzoek maakt deel uit van mijn studie geneeskunde. Samen met onze begeleidster dr Zeina Chemali willen we onderzoeken hoe vaak dementie, en dan vooral Alzheimer, voorkomt in verpleeg/verzorgingshuizen in Libanon. Verder gaan we een vergelijking maken tussen de zorg in NL en Libanon.

 

Naast ons onderzoek hebben we gelukkig ook tijd om andere plaatsen in Libanon te bekijken. En niet alleen Libanon, ondertussen zijn we ook in Syrie, Dubai en Oman geweest!

 

Wat Libanon betreft, het is eigenlijk het perfecte vakantieland; veel interessante plaatsen voor mensen die van historie houden en ook voor natuurliefhebbers zijn er genoeg geschikte plekken, zo kun je in maart bijvoorbeeld eerst gaan skieën op de geweldige pistes en daarna lekker in het zonnetje liggen op de stranden. Voor mensen die van uitgaan houden, Beiroet is dé uitgaansstad in het Midden-Oosten (treffen wij het even).

 

In de afgelopen 2 maanden hebben we al veel meegemaakt, voor wie het leuk vindt om onze avonturen te lezen; kijk maar eens op www.rina.waarbenjij.nu.

 

Groetjes Rina

 

P.s. Mijn adres in Libanon is:

 

Room 109

'My Home' furninshed apartments

makhoolstreet, Hamra

Beiroet, Libanon


De familie Terluin-van der Valk stelt zich voor

 

Der is ús frege om in stikje te skriuwen foar it Doarpsnijs om ús foar te stellen. Wy binne Douwe Terluin, Anneke van der Valk, mei ús bern Klaas Anne, Boudianne, Gerrit en Foekje Nynke en wenje sûnt 2 maaie op de pleats oan de Boalserterdyk 2 yn Eksmoarre.

Wy hawwe hjirfoar 13 jier lang mei in soad nocht yn Koudum wenne. Hjir binne ús fjouwer bern ek berne. It doarp Eksmoarre is ús net frjemd want Anneke is hjir hikke en tein en hat hjir oant har 23e jier wenne. Eksmoarre hat foar ús ek wol wat spesjaals want hjir hawwe wy inoar moeten op in túnfeest achter It Honk. Douwe syn widze stie op in pleats yn it Heidenskip. Hy hat fanôf de Middelbere lânbouskoalle oant 2002 mei nocht wurksum west by de Agraryske Bedriuwsfersoarging as poatebekapper en meunsternimmer fan kuil en lân. Ungefear trije jier lyn is Douwe yn maatskip gien mei syn skoanheit Gerrit van der Valk en hat trije jier lang op en del riden fan Koudum nei Eksmoarre. Douwe syn hobby is blaze. Hy blaast by it korps Studio fan It Heidenskip op de bas. Sûnt in moanne giet Klaas Anne hjir ek mei hinne om de bugels te fersterkjen. 

Anneke wurket twa dagen yn ‘e wike by de gemeente Wûnseradiel as sekretarieel meiwurkster en hat troch de ferhuzing har wurk aardich tichterby krigen. Anneke har hobby ‘s binne sjonge en sy docht oan bodygym. Sy sjongt by sjonggroep Majim yn Koudum. Yn de tiid dat wy no yn Eksmoarre wenje binne wy al wer aardich thúsrekke yn it doarp. Ek de bern hawwe har plakje al aardich fûn mei freonen en freondinnen. Ein april binne wy tidens it ôfskied fan Anneke har heit en mem al ferwolkomme troch de buorlju. It komt ús goed oer en wy hoopje dat wy hjir in moaie tiid hawwe sille.

 

Groetnis fan Douwe, Anneke, Klaas Anne, Boudianne, Gerrit en Foekje Nynke.

 


Mw. E. Postma-Jansen verhuist naar Avondrust

 

De oudste inwoonster van Exmorra, mevrouw Eleonora Postma, gaat ons verlaten. Zij verhuist per 5 juli a.s. naar verzorgingstehuis Avondrust in Makkum.

Nieuw adres:            Kerkeburen 66

                                    8754 EB Makkum

                                    Kamer 109.

Volgende maand nog een berichtje van mevrouw Postma zelf in DN.


Tusken tomme en wiisfinger


Douwe en Ine Postma-Bijlsma, 63 jaar getrouwd en wonende te Joure:

 

“We hawwe wol wat belibbe, mar we binne der noch !!”

 

We hebben al weer een mei-viering achter de rug. In de maandelijkse vergadering met de Doarpsnijs-makers hebben we het er samen even kort over. Wat betekent oorlog eigenlijk voor ons. We komen tot de conclusie dat we geen idee hebben wat het inhoudt. Voor mij geldt dat oorlog te zien is op de televisie en als ik genoeg ellende heb gezien, zet ik de t.v. weer uit. Triest genoeg vind ik, want wat als er straks geen mensen meer leven die de oorlog hebben meegemaakt ? Heeft de oorlog dan voor de achterblijvers nog voldoende impact om te blijven herdenken. Goed idee dus om iemand voor een interview te vragen die de oorlog van dichtbij heeft gemaakt. De naam Douwe Postma wordt genoemd, ik weet dat hij in de oorlog gewond is geraakt bij Makkum. Ik besluit eens te gaan polsen of hij zijn verhaal wil vertellen aan Doarpsnijs.

 

Douwe Postma moet er eerst wel even over nadenken, maar stemt toe. Hij geeft telefonisch al aan dat nu hij ouder wordt, de beelden van de slag bij Makkum steeds vaker terugkomen en dat dit niet plezierig is. We maken een afspraak en zien wel hoe het gaat. Op een mooie vrijdagochtend word ik door Douwe en Ine Postma in de vrijstaande woning tegenover het zwembad te Joure ontvangen. Het wordt een bijzonder, soms emotioneel gesprek met een echtpaar dat vooral veel liefde voor elkaar uitstraalt. Het schiet me door het hoofd, als ik zo eens oud mocht worden !!

 

Douwe Postma wordt op 8 juli 1919 geboren in Dedgum als zoon van Pieter en Japkje Postma. Zijn vader is boer op ‘it lytse spultsje neist de tsjerke’. Douwe heeft nog een oudere zus Sybrigje en weegt bij de geboorte 14,5 pond. Als gevolg hiervan is de bevalling erg zwaar is en kan zijn moeder geen kinderen meer krijgen. Douwe blijft daarom de jongste telg.

 

Douwe Postma: Myn pake wenne doe op ‘e pleats yn ‘e polder (nu zoon en schoondochter Piet en Griet Postma). Noch foar myn berte, yn 1906 is de pleats yn de brân stutsen. In jonge, Jelle, en ik wit allinnich syn foarnamme noch, woe syn âlderlike pleats yn de brân stekke. Dit wie de pleats fan no de Gietema’s, mar  hy fersinde him en stuts de pleats fan pake yn ‘e brân. De pleats is hielendal opbaarnd.

 

Letter moast in omke fan my yn tjinst en is der stoarn oan de Spaanse griep. Myn pake koe dit ferlies geastlik net bolwurkje en doe binne ús heit en mem op ‘e pleats yn ‘e Polder kaam.

 

Zijn vrouw Ine Postma wordt geboren op 11 maart 1920 als Ine Bijlsma, dochter van Karst en Hinke Bylsma in Piaam. Na haar worden nog een zusje Gryt en een broertje Hinne geboren. Als ze vijf jaar oud is, overlijdt haar vader. Haar moeder blijft 10 jaar weduwevrouw, runt nog een periode een winkel in Idsegahuizum en trouwt in 1935 met Fedde Postma. Het gezin verhuist dan naar de boerderij van Fedde op Fjouwerhus (nu Pier en Hanny Postma). Uit dit huwelijk komen nog vier kinderen Akke, Jehannes, Jan en Jitske.

 

En nu valt bij mij het kwartje. Douwe Postma op de pleats aan de Bonjeterperweg en Ine Bylsma op de pleats te Fjouwerhus. Praktisch buurmeisje en buurjongen. Ja, als het dichtbij te halen is, waarom dan moeilijk doen.

 

Douwe Postma: Wy wiene tegearre 22 jier en binne op 13 juni 1942 troud en kamen yn it húske neist de pleats fan heit en mem te wenjen.

 

It húske stiet der net mear en is ôfbrutsen yn de 80-jierren. Ik wie doe arbeider by ús heit. Us beide dochters Hinke  (1943) en Japkje (1945) binne yn dit húske berne. Letter binne we nei de pleats ferhúze by ús heit en mem yn. We bewennen de nije keamer en in pear stallen. Dan koe it húske wer ferhierd wurde.

 

De âldste twa binne yn ‘e oarloch berne. Ik haw eartiids wol yn tjinst wêst, mar hoefde yn de oarloch net te wurk stelt te wurden.

Troch myn wurk op de pleats wie ik ûnmisber ferklearret. It wie fansels wol sa dat ik beslist net op ‘e dyk komme mocht. Myn heit hat Japkje dêrom op it gemeentehûs oanjûn. Ik bin by de ‘ûndergrûndske’ kaam trochdat der wapendroppingen by ús yn it lân plakfûnen. Dat kaam sa; it ferset dropte earst wapens fuortby Witmarsum. Dit wie net mear fertrout en minsken fan it ferset kamen by ús heit del om te freegjen of it by him plak koe fine.

Us heit stimde ta en sadwaande sieten der by de wapensdroppingen 25 man yn ‘e stal te wachtsjen.

(foto boven) Douwe Postma als tamboer in dienst 

 

By sa’n dropping kaam om 19.00 it nijsberjocht. Waard der dan it goede wachtwurd trochjûn, dan wie de dropping tusken 23.00 en 24.00 yn it lân by de pleats. Ik siet by dizze 25 man en sa gau as de wapens delkamen, fleach ik tegearre mei de oare mannen en mei hynder en wein nei it lân om de containers út it lân te heljen.  De fleantugen kamen fan Workum wei en fleagen nei Bolsward ta. Der stiene dan mannen yn it lân mei earst in reade, dan in griene en dan wer in reade lampe. It fleantúch fleach dan troch nei Boalsert, kearde dêr en kaam dan werom foar de dropping. Hy krige dan wer in sinjaal en dropte syn containers. Sa gau as wy de containers út it lân hiene, brochten we se nei de dekschûte die yn it kanaal lei, sa’n trije meter fan de brêge ôf (nu fam. de Witte).

 

De droppings wiene altiten yn november en desimber en fan de 6 kear dat ik it meimakke haw, is it ek wol twa kear misgien. Dan driuwden de parasjutes mei de containers te fier fan ús of en moasten we in protte risiko nimme om se wer op te heljen. Ik haw ien kear tastimming frege om in parasjute te hâlden foar ús heit. Ine hat hjir letter twa jurkjes fan makke foar de beide famkes. 

 

Op 15 april 1945 war ik op sneintemoarn oproppen foar in aksje. De Dútsers trokken har al werom en ik bin doe nei Tsjerkwert rûn. Yn Tsjerkwert bin ik mei oare mannen yn in ierappelskip stapt en sieten we ûnder de lûken. It ferset wie bang dat de Dútsers de Blauwpoortsbrêge yn Boalsert opblaze woenen en wy moasten de Boalserters helpe harren brêge te behâlden. Wy leine by it Krúswetter yn Boalsert te wachtsjen en de skipper mei frou en bern ferlieten de boat. Sy fertrouden it net en haw de boat oan us oerlitten. Earst siet der ien fan ús op it dek, mar der wie net in Boalserter te sjen. Doe binne we der by de buorkerij oan de oare kant fan it krúswetter útstapt (nu Huitema) en tagelyk wa de Blauwpoortsbrêge opblazen troch de dútsers. Efternei bliek dat alle Boalserters flechten wiene en dat der net ien mear wie om kontakt mei ús te sykjen.

 

Doe moasten wy nei de Hollandia fabryk rinne en leine we op de ‘grutte dyk’ om Dútske patrûljes tsjin te hâlden. Doe’t der in patrûlje fan Tjserkwert ôf kaam, waard ien fan ús sa senuweftich en skeat. Dêrnei is de patrûlje wer werom draaft nei Tsjerkwert. Us mem hie it thús net mear en stjoerde ien fan it ferset nei Boalsert ta om my op te heljen. We ryden oer Eksmoarre werom en dêr rûn in Dútser. Hjir bin ik boppe op sprongen en haw syn wapen ôfpakt. Mei de Dútser foar my út bin ik troch it doarp rûn. Ik haw him nei Rytseterp yn Tsjerkwert brocht, der wenne Galama. Hjir hâlden se al 7 Dútsers, 2 lânmachten en in fint dy’t de droppingen by ús pleats ferrieden hie, ûnder skot. Tegearre mei Jehannes Kuipers (woonde op de boerderij nu Yme Hempenius te Allingawier) haw ik doe in skoft wacht hâlden.

 

Doe hearde ik yn de fierte sjitten, rjochting Eksmoarre. Ik wie bang dat Ine en de bern wat oerkomme soe en haw Bart Gietema (nu Hein en Akke Gietema) út bed kloppe. Mei hynder en wein haw ik se ophelle en sy binne dizze nacht by Bart Gietema bleaun, iksels bin werom gien nei Galama.

Op 17 april 1945 hawwe wy de gefangenen nei Boalsert brocht nei it gemeentehûs. Dêr wiene wyls de Kanadezen en die haw de mannen oernommen.

 

De Kanadezen haw doe in man of 10 selekteart. Ik waard ek oanwezen en wy krigen de opdracht om de brêge by de pleats Laanzicht lyk foar Makkum der út te heljen.Wy fregen ús of hoe dat moast, it wie in fêste brêge. Mar befel wie befel en fragen wiene net oan de oarder. We moasten dêr oansluting fine by de Wûnsers en tegearre it putsje klearje. We binne fan Boalsert út troch de Kanadezen mei de tanks fuortbrocht nei Parregea, doe nei Fokkemaoord en de rit gong fierder nei de pleats fan Jan Bouma (nu fam. Ybema). We hiene blaue overalls oan mei in wyte bân om de hân, it pak fan de ûndergrûnse. By de pleats lyk by de brêge (nu fam. Elgersma) seagen we ôfsettingen en stiene mannen mei deselde pakken as wy. Kameraden tochten wy en we rûnen net mear op skerp nei de mannen  ta, wol efter inoarder, mar mei te min ôfstân. De mannen wiene gjin Wûnsers, mar Dútsers, it wie in hinderlaag. Op 300 meter fan de mannen wie it allegear fjoer (nu hoveniersbedrijf Bosma). Roel van der Meer rûn foarop en wie op slach dea. Rindert Anema rûn efter my, waard ek rekke en is ek op it plak sels stoarn. Hindrik Postma moast ús dekke en wie ek dea. Ik wie de twadde en wie net ferwûne, mar ik woe my ferdigenje en skeat werom. Doe haw se mei ek delsketten. Ik hie trije kûgels yn ‘e earmsholte en koe noch nei de sleat krûpe. It wie ferskriklik, do sjochst dyn maten om dy hinne dealizzen en deagean.

De rest fan de ploech is werom nei Allingawier rûn en haw ferteld dat der trije deaden wiene en dat ik der noch ferwûne lei. Ale de Vries fan Skettens woe my helje, mar der woe net ien mei him mei. Hy is doe allinnich troch de fearten nei mei takommen en hat my meinommen. It hoefde fan my net mear, ik hie al safolle bloed ferlern. Mar hy hat my oer dammen en troch fearten werom sleept nei de brêge (nu de Witte, Carl Fellingerweg). Dêr wiene twa mannen en twa reade krús ferpleechsters. Mei it hynder en wein fan Jaan Jansen bin ik mear dea as libben nei Allingawier brocht. Dêr wiene de Kanadezen. Mei de tank bin ik nei de dokter te Boalsert brocht en fandêr nei it sikenhûs riden yn Snits.

 

Jaan Jansen is doe nei myn frou Ine ryden en hat ferteld dat ik delsketten wie en dat der ek deaden fallen wiene. Ine Postma: Ik bin daliks op ‘e fyts mei percussiebannen nei Snits fytst en haw de bern by ús heit en mem efter litten. Japkje wie doe noch mar in moanne âld. Douwe Postma: Ik bin doe te hastich nei hûs kommen, dat wie myn eigen fout. Ik haw sein dat Ine jierdei wie en dat ik nei hûs moast. Ik bin troch in pear susters nei hûs brocht, mar ik koe niks. Ine herkende my net iens doe't ik thús brocht waard. Moast dy yntinke, ik wie kostwinner fan it gesin en der kamen no gjin sinten binnen. Ik bin doe te hastich goedkart, mar ik koe noch neat. Ik koe doe oan it wurk by de gesachstroepen. Ik moast iten bringe lâns de kampen mei NSB-ers. Dernei bin ik wer ôfkart yn Ljouwert en mocht ik dit wurk ek net mear dwaan. Beppe Ine wenne yn in hûs yn Boalsert en woe nei har dochter yn Achlum te wenjen. Doe binne wy út de pleats by ús heit en mem yn it húske fan har kaam yn Boalsert.

 

Ik moast wol oan it wurk, it wie earmoede. Koopmans wie doe feerider. Hy stoppe en ik haw syn fergunning oernommen. Tegearre mei Klaas Huitema haw ik doe in transportbedriuwke hân mei 'geregeld en ûngeregeld' ferfier. We hiene in lytse frachtauto. Dit hawwe wy twa jier dien en doe is hy derút stapt, it wie te lyts en de ynkomsten te krap. Ik bin doe allinnich trochgongen. It wie krap, mar we haw it as húshâlding rêden. Dernei haw we trije jier yn Eksmoarre wenne oan de Doarpsstrjitte (nu fam. Overwater).  Dêr is op 23 juni 1946 ús twaling Karst en Piet berne. Sy hawwe twa dagen libbe en harren ferstjerren wie in hiele klap. Us fyfde berntsje Piet is op 27 juni 1948 dernei ek noch yn Eksmoarre berne. Doe koene we de pleats op Fjouwerhûs keapje (nu Houk en Lolkje Reitsma) en  it lân hiere. Mar by de swiere stoarmen yn 1953 is it dak der ôf waait. Us fjirtjin kei stiene net mear droech. We hiene net folle sinten, mar ferkeapje wie gjin opsje. Ik hie de pleats kocht op ien betingst: dat ik dizze tsjin de aktuele taksaasjewearde ferkeapje koe. En mei it dak derôf wie dit net folle fansels. We haw it oprêden en der is in nij dak op kaam. Us Karst is op 7 juli 1952 Fjouwerhûs berne. We haw hjir in pear jier wenne en doe haw we de pleats fan ús heit en mem oan de Bonjeterperwei oernommen.

De pleats oan’e Bonjeterperwei (no Piet en Griet Postma)

 

En hoe wie it mooglik, twa jier letter is it foarein fan 'e pleats der troch in wynhoas utskoart. Doe koene we wer op ‘e nij begjinne. Want hoe dom ek, de pleats net yn de stoarmfersekering fansels. We haw hjir 23 jier mei nocht wenne en binne yn 1976 nei it hûs yn ‘e Jouwer ferhúze. Us Piet hat doe tegearre mei Karst de pleats oernaam. 

 

Wy haw noch jierren kontakt hân mei de ploech fan de slach yn Makkum. Ien kear yn de trije wiken gean ik noch nei Ale, hy hat my it libben rêden en hy is as in broer foar my. Sûnder him hie ik dit ferhaal net fertelle kinnen. Noch jierren lang haw we mei in part fan de mannen die it oerlibbe haw elts jier blommen by de grêven brocht.We krigen wol altiten útnoegings foar gearkomsten foar neibesteanden en slachtoffers fan de oarloch mar der binne we eins nea west.

 

En zo sluit ik een enerverend gesprek af.  Ik neem afscheid van twee 85-jarige mensen die een bewogen leven achter de rug hebben. Wat valt er nog aan zo’n verhaal toe te voegen, niets eigenlijk. Het heeft behoorlijk indruk op me gemaakt.   Bedankt voor het interview en voor jullie openhartigheid. Namens Doarpsnijs wensen wij jullie samen met de kinderen, 12 kleinkinderen en de 17 achterkleinkinderen nog veel fijne jaren toe.

  

Foto’s: Fam. Postma, Interview: Sarie Lycklama à Nijeholt.


Mensen


Door Geert Ringnalda

IN MEMORIAM:

- Auke Swart  te Oudemirdum ( 27-4-1932  - 21-5-2005) Auke en Antsje Swart in Oudemirdum waren een tijdlang een begrip voor de jeugd van Exmorra-Allingawier en hun begeleiders als ze in de jaren 70 en 80 weer eens een weekend naar Gaasterland gingen  Op een boerderij aan de Schotanuswei  nabij Oudemirdum was het altijd feest na een vermoeidende fietstocht of na een nachtelijk kampvuur. Op de boerderij van Swart  is nu echte  meer professionele rekreatie  gekomen. In Oudemirdum is Auke Swart na  plotselinge overlijden  begraven.

- Gerrit J.Karssenberg te Franeker (1-3-1944 – 26-5-2005) Was gereformeerd predikant in Franeker.Hij kreeg van zijn kerkenraad de mogelijkheid veel werk buiten Franeker te doen. Zo preekte hij ook wel eens  in Exmorra. Ds. Karssenberg begon in 1984 zijn loopbaan in Hengelo (Ov) en stond sinds 1988 in Franeker.

- Wytske Gietema-Stegenga te De Knipe (12-9-1934  - 30-5-2005) Wytske afkomstig uit Oudega(W) was sinds 1 mei 1957 getrouwd met Augustinus Gietema (1930-1995) uit “de polder” nabij Allingawier. Ze hadden een boerenbedrijf in De Knipe en kregen vijf kinderen. Op 3 juni is Wytske begraven in De Knipe.

- Eeltje de Boer  te Sneek  (29-9-1950 – 31-5-2005)  Automonteur Eeltje de Boer geboren in Lemmer trouwde op  19 juni 1975 met Allingawierster Tjitske (van Jaring en Nynke Ypma-Steigenga). Eeltje  is lange jaren ziek geweest en werd opgenomen in  “De Ielanen” waar ook zijn 88-jarige schoonmoeder verblijft. Eeltje werd op 3 juni begraven in Sneek na een dienst in de Christelijk Gereformeerde Kerk waarin Psalm 121 centraal stond.

- Rinske Heinsma-Kamstra  te Bolsward ( 20-1-1915 – 1-6-2005)  Frou Heinsma was vanaf 1971 Exmorster  met haar gezin de eerste bewoners van het pand van der Weystrjitte 39:  heit en mem met zoons  Siebe, Pieter en  Sjoerd en dochter Catharina. Rinske werd geboren te  Kimswerd  en trouwde op 7 juni 1941 met Douwe Heinsma (1915- 1984) Ze gingen wonen in Wons en van 1942 tot 1949 in Schraard. Heinsma  werd omstreeks 1970 timmerman-uitvoerder bij Bouwbedrijf Schakel en werkte onder meer aan de kerken van Berlikum en Allingawier en Venhuizen (NH). Frou Heinsma werd de laatste jaren verzorgd in “Bloemkamp” en is op 6 juni begraven op het kerkhof van Schraard..

- Douwe Herre de Vreeze  te Koudum (30-4-1970 – 2-6-2005) Na ernstige ziekte overleed deze Koudumer afkomstig uit Balk, was getrouwd met  Antje Draaijer. Hij was een oom- en tantezegger van Exmorsters Tjalle en Ankie Reitsma. Douwe werd op 7 juni begraven te Balk.


Troch Eksmoarre en Allingawier


Uitslag Referendum Europese Grondwet 1 juni jl.  

De uitslag van stemlokaal ’t Honk te Exmorra was:

143 voor en 152 tegen.

 

Een nipte overwinning voor de tegenstanders dus, afwijkend van het landelijke beeld, waaruit een duidelijk nee naar voren kwam.

De opkomst was hier 70%, er kwamen 296 stemmers. De laatste stemmer was J. Steigenga om 21.00 uur.

 

Voorzitter in het stembureau was Johan Kingma, hij werd bijgestaan door Siebren Reitsma en Yke Rusticus .

 

In de gemeente Wûnseradiel hebben 6053 mensen een stem uitgebracht. Dat is een opkomstpercentage van 68,87%. 2452 mensen waren voor de Europese grondwet, 3572 mensen stemden tegen en er waren 29 blanco of ongeldige stemmen. Dat betekent dat 40,70% voor stemde en 59,30% tegen stemde.
Uitzonderlijk was de stemming in Lollum. Hier stemde een kleine meerderheid, 50,53%, voor de Europese Grondwet.

 


 

Geslaagd!

 

Trushna Feenstra: Zorg & Welzijn kb nivo

Hendry Steigenga: richting GT.

Rinze de Boer: VWO  

 

Allen aan het Marne College te Bolsward.  

harte gefeliciteerd!!

 


Geslaagd voor zwemdiploma B:

 

Annemiek Zuidema

 

 


Kinderen Exmorra lopen Avondvierdaagse Makkum e.o.

Op de foto boven v.l.n.r. Anne-Klaske, Sophie, Douwina, Sytse, Lisanne, Wilma, Douwe en Daniel (deze twee heren liepen de 10 km!), Anne-Elske.

Voorste rij v.l.n.r. Marijke, Hester, Evert, Jasper en jongste deelnemer Ingmar.

Dit jaar deed er in Makkum voor het eerst een groep kinderen van De Oerdracht mee aan de Avondvierdaagse. Gehuld in rode schoolt-shirts en onder begeleiding van een aantal ouders liepen zij elke avond 5 resp. 10 kilometer. De kinderen hadden er erg veel plezier in en het slechte weer op de eerste avond deerde hen niet. Op de laatste avond werden ze ingehaald met muziek en bloemen en konden ze hun welverdiende medaille in ontvangst nemen.


Bijzondere voertuigen in Allingawier

Op 10 juni jl. was er weer veel moois te bewonderen tijdens de jaarlijkse Elfstedentocht voor oldtimer tractoren.

Een lust voor oog en oor!


In mei zagen wij deze bijzondere wagens op het Jouke Reidsmaplein. Het bleken Spartans te zijn, een zelfbouw auto waarvan het chassis en carrosserie- delen door de Spartan fabriek in Engeland werd vervaardigd.  Helaas worden er geen Spartans meer gemaakt, de fabriek is er midden jaren 90 mee gestopt.


Wopke Brander neemt afscheid als secretaris DB Allingawier

Op de drukbezochte  barbecue van DB  Allingawier op 17 juni jl. nam nieuw-

Exmorster Wopke Brander afscheid als secretaris van het Dorpsbelang. Voorzitter Sipke Kuiper bedankte Wopke voor zijn inzet en overhandigde hem een bos bloemen, waarna er onder het genot van een drankje tot in de kleine uurtjes kon worden genoten van een lekker stukje vlees en een keur aan salades.  


VERHUISD!

Mijn nieuwe adres is:

Brakelstraat 27

8759 LL Exmorra

Tel.: 0515-576577

 

Groet, Anna-Wiets

 


Jongerenraadsledenvergadering

 

Donderdagavond 28 April was er een jongerendebat op het gemeentehuis in Witmarsum. De gemeente zocht ‘jongeren met een grote mond.’ De gemeente wil de jongeren wat meer bij de politiek betrekken, vandaar dit debat. Het leek mij wel leuk om mee te doen, en na een paar telefoontjes had ik Grietje Ine zo enthousiast gekregen om met me mee.

 

Het debat zelf was ontzettend leuk om te doen. Er waren stellingen bedacht, waarop wij konden reageren. Deze stellingen gingen onder andere over de jongerenketen, drugs, vandalisme, geweld en alcohol. Er waren een stuk of dertig jongeren komen opdagen.