Archief Februari 2007

naar  www.doarpsnijs.net

DOARPSNIJS

 

Dorpskrant voor Exmorra en Allingawier

 

Jaargang 44 , nr.  2037

februari    2007

 


Voorwoord


Beste mensen,

   

Februari

 

Tijdens de vergadering, op die bewuste stormachtige donderdag, leek het er even op dat we deze maand niet zoveel onderwerpen hadden.

Maar gelukkig staan er op de site toch weer behoorlijk wat ingezonden stukken en hebben wij ook niet stil gezeten.

De dikte van de krant van vorige maand kunnen we zeker niet evenaren met al die spreuken. Dat was één van de dikste ooit!

 

Deze keer stellen nieuwe bewoners van Exmorra zichzelf voor. De buxus boompjes van hun toekomstige tuin heeft u al eerder kunnen bewonderen. Aankondigingen van verschillende activiteiten.

En weer een nieuw interview met mevrouw Postma-Postma en haar zoon Jan Postma.

 

Veel leesplezier met dit DN en tot volgende maand,

 

De redaktie.  


Inhoud


Soarch en blydskip........................ 4

 

Mensen........................................ 5

 

Tusken tomme en wiisvinger.......... 7

 

Út de kranten ..............................13

 

Troch Eksmoarre en Allingawier... 15

 

Kleurplaat................................. 20

 

Jo sille it mar beleve.................. 21

 

Fan alles wat .............................23

 

Sportnijs.................................. 28

 

Kerknieuws.............................. 29

 

Eén, twee, drie......................... 31

 

Út it laadsje............................. 32

 

Weer...................................... 33

 

Maandkalender....................... 34


Soarch en Blydskip


Goeiendag inwoners,

 

Inmiddels is onze zoon Jacob Ynze alweer bijna zeven maanden oud, alles gaat super voorspoedig.

Namens deze weg willen we iedereen die ons een kaart en/of cadeau gestuurd heeft bedanken. En voor alle bezoekjes.

 

Met vriendelijke groet, Wieger Jaspers & Ineke Hoekstra


Bedankt!!!!

 

Wy wolle graach eltsenien betankje foar alle

kaartsjes en leave kadootsjes nei de berte fan Aise en Else!  Wy waarden der sa no en dan ferlegen fan, safolle minsken as der oan ús tocht hawwe. Geweldich!!!

Alles giet goed mei de twa skatten, hja laitsje de wrâld al temjitte.

Groetnis fan Iwan & Maaike

 


MANDERIJNENAKTIE

 

De manderijnenaktie in december jl. heeft opgebracht € 848,00 netto.

Alle vrijwilligers die hebben meegeholpen heel hartelijk bedankt,

en allen die aan dit bedrag hebben bijgedragen.

 

Stichtingsbestuur dorpshuis ‘t Honk


Mensen


Troch Geart Ringnalda

Email g.ringnalda@home.nl

 

IN MEMORIAM 2006

 

Folkert Boersma (Skraard 22 july 1925 - Boalsert 19 desimber 2006)  In echte Skraarder dy't in soad foar syn doarp dien hat. Hy wie 56 jier lang de man fan Alie Douna en hie fiif bern. It wie in grut man: letterlik en figuurlik. Fee-keapman mei in soad humor en de man dy't him tige ynsette foar syn doarp. Foar Eksmoarre wie der in "buorman" en klant fan timmerman Yde Schakel.

Hy hie it ek wol oer syn âlde famylje  dy't yn Eksmoarre op it tsjerkhôf leit,hoewol der't gjin grêfstiennen mear fan binne. Wy bedoele Rouke en Styn Boersma dy't lang ferlyn wenne hawwe yn it hûs der't  Jan Sieks Postma no  wennet. Folkert syn heit hjitte ek Rouke (1891-1944) en leit yn Skraard begroeven. Folkert wenne syn hiele libben yn Skraard en no in jier yn Boalsert. It jier yn Boalsert wie dreech omdat sykte sa stadichoan syn libben de glâns ûntnom. Op sneon 23 desimber is der begroeven op it Skraarder tsjerkhôf.


2007 JUBILEUMJAAR  !

Het jaar 2007 brengt ons een paar bijzondere jubilea.

-Allereerst viert "dorpsbelang Allingawier" begin februari haar vijftigjarig bestaan. Exmorra en Allingawier hadden tot 1957  samen één  dorpsbelang,maar het gemeentebestuur wilde graag dat elk dorp zich  kon laten horen in Witmarsum. Aanleiding was de storm met veel schade in Zeeland en omstreken op 1 februari 1953  en ook de storm in december 1954 bij de noordkust van Friesland was daaraan een herinnering.

De gemeente wilde graag dat ieder wist wat er bij een overstroming te doen was voor de bewoners samen om het leven van mensen en vee te redden. Zo kwam het tot een vereniging voor doarpsbelangen in Allingawier. Mannen als "winkelman" Jacob Feenstra, taxi-ondernemer Catharinus Elzinga, boeren als Johannes Kuipers .Ruurd Tijsma en Abe Ringnalda vormden het eerste bestuur. Overstromingen kwamen er niet, maar het bestuur zorgde er wel voor dat de stem van Allingawier klonk in Witmarsum ! En vergeet niet al die gezellige jaarvergaderingen in de konsistoriekamer van de hervormde kerk !

Verder kreeg Exmorra-Allingawier in 1957 twee nieuwe predikanten. Een gereformeerde samen met Tjerkwerd in april ds. Jan Schelhaas en in augustus een nieuwe hervormde ds. Rinze Houtsma. Beide dominees kwamen in Exmorra wonen en preekten in de vier kerken. Beide dominees zijn nog aktief in Zwolle en Ermelo en beide zijn tachtig jaar of iets ouder of iets jonger !


Tusken tomme en wiisfinger


Afke Postma-Postma: “Ik mocht graach op paad, ik wie ien dy’t nea wer thús kaam as se fuort wie.”.  In interview met Postma-Postma & Postma.

 

En na een Doarpsnijs zonder interview, wordt het weer eens tijd om er op uit te gaan. Begin januari, de winderschilders achter ons latende, vertrekken Tine en ondergetekende naar Avondrust te Makkum. Want daar wacht mevr Afke Postma-Postma met haar jongste zoon Jan op ons. Het leek ons wel een goed idee, een gesprek met moeder en zoon. Jan die sinds jaar en dag bekend is in ons dorp o.a. als oud-bezorger van het Doarpsnijs en pas gepromoveerd tot Abraham en mem reeds 86 jaar en daarmee één van de oudste lezers van ons krantje. Toen we Jan polsten, moest hij toch wel even nadenken. Niet omdat hij het niet wilde, maar meer omdat zijn gezondheid te wensen overliet. Galstenen spelen Jan parten en dat kan erg vervelend zijn. Maar we mogen komen en deze avond is Jan prima te spreken en zijn moeder niet minder. En dus maken we ons op voor een gezellige avond. En zoals altijd beginnen we bij het begin.

 

Mevr. Postma: Ik bin yn 1920 berne op de pleats op Brûndear, dêr’t no de wenning fan Johannes en Tiny van der Berg stiet. Dat hearde doe noch ûnder Allingawier. Hjoeddeis heart it by Eksmoarre. Us heit en mem hjitten Pier Postma en Sjoukje Postma-Buwalda. Ik wie it sechde bêrn fan de âlve yn totaal. Acht famkes en trije jongens. Us heit kaam fan Tsjerkwert en ús mem fan Tsjom. Nei harren houlik binne heit en mem boer wurden yn Oerisel op in pleats dy’t se hierden fan Kingma’s Bank. Mar ús mem wie dêr ferskriklik ûnwennich en woe graach wer werom. Doe kaam de pleats op Brûndear te hier en kamen se dêr te wenjen yn maaie 1918. Ik bin dus twa jier nei de ferhuzing berne. Us mem waard siik nei myn berte en doe is myn âldste sus tydlik ûnderbrocht by myn tante, de sus fan myn mem. Myn omke en tante hiene sels gjin bêrn en doe’t myn sus nei oardeljier werom kaam, wie se goed bedoarn. Myn tante en myn sus misten elkoar ôfgryslik. Sadwaande sutele se doe wat tusken ús hûshâlding en die fan myn omke en tante. Letter is myn sus definityf by myn tante kaam te wenjen.

 

Ik haw de basisskoalle trochrùn yn Eksmoarre en moast nei de basisskoalle altyd thús melke. Dat betsjutte om fjouwer oere middeis stipt melke en heit wie der fel op. As de klok yn Allingawier liede, moast ik oan it melken wêze. Us mem wie ferskriklik skjin, mar wol maklik. As se oan it poetsen wie en dêr kaam ûnferwacht besite, dan waard it wurk letter wol dien en skode se lekker oan by de besite.

Nei de basisskoalle bin ik oan it wurk gongen yn Waaxens by boer Fijnia. Dêr haw ik twa jier wurke oant myn broer Okke troude. Doe bin ik wêr thús kaam en gong ik ien dei yn de wike nei myn âldste suster Sietske ta te wurken. Sy siet doe yn de lytse bêrn en koe wol in pear hannen brûke. De oare dagen wie ik thús op de pleats oan it wurk. Ik wie al fanôf myn santjinde fereale op myn neef Siek Postma. Hy wenne doe op de âld pleats der’t no de wente fan Kobus en Corry Faber stiet. Syn âlders binne letter ferhúze nei de pleats dêr’t no myn beppesizzer Sieko en syn frou Alinda wenje.

Om’t ús heit en mem net sa wiis wiene mei myn ferkearing mei Siek, sochten se wer wurk foar my bûtenshûs, yn de hoop dat ús leafde wol wat ôfkuolje soe. Mar dat barde net en sa bleaun eltsenien sich mei ús relaasje bemuoien. Doe haw ik in brief skreaun oan Siek dat it mar út wêze moast Siek liet de brief oan syn mem lêze. Syn mem en myn mem wiene freondinnen en op de. jierdei fan myn broer Reinoud kaam Siek syn mem ek lâns. Doe sei ús mem tsjin Siek, bring Afke mar nei Waaxens, dêr’t ik wurke, sadat se net allinnich hoeft te gean. En dat wie it sinjaal fan beide kanten dat ik tastimming hie en fanôf dat stuit wie it klear.  

 

Myn skoanheit wie yn 1939 al ferstoarn en Siek hie doe de pleats al oernaam. Yn oktober 1940 binne we trout en binne we de earste 1,5 jier ynlutsen by skoanmem op ‘e pleats. Dêrnei hat se in húske yn de buorren kocht. Dy tiid wie fansels ek oarlochstiid. En we sieten mei kop en earen yn it ferset. Der wiene altyd minsken by ús oer de flier. We haw in protte ûnderdûkers hân. Dêrneist hiene we in hol yn de golle dêr’t it ferset jûns sjitten learden. Dat betsjutte ek dat der in protte wapens kamen. Myn sus hat trije jier by ús wenne en hat in protte wapens ferfiert foar it ferset. We setten Joadske minsken ôf yn Makkum en dy waarden dêr dan wer wei helle om earne oars ûnderbrocht te wurden. We hiene altyd in kanne molke efterhûs stean, foar eltsenien dy’t it nedich hie. We haw ien kear in ynfal hân. Us ûnderdûkers koene net op tiid flechtsje en de dútsers hiene fuort yn de gaten dat se net de goede papieren by harren hiene. Lokkich wiene dit goede dútsers en haw se neat dien en ek net ien meinaam. Sa wiene der ek altyd trije dútsers dy’t deis itselde rûntsje makken troch ferskate doarpen. Sy kamen ús sels warskôgjen dat we ús joads famke fuortbringe moasten, om’t se ôflost waarden troch in nije ploech. En se wisten net hoe fûl dy nije ploech wiene. Neidat de oarloch foarby wie, koe ik it samar ôfslúte. Dat wie west, we moasten wer fjirder, mar dat koe Siek net. Hy hie der noch ferskriklik lêst fan en fertroude gjin dútser. Siek wie rjochtfeardich en ek hiel emotsjoneel.

Nei de oarloch kaam in nije faze yn ús libben. Wie hiene der fiif jier op wachte, mar doe waard Djurre yn 1945 berne. Dêrnei folgen Pier (1947), Okke (1948), Sjoerd (1953) en Jan (1956).

In echt jongensgesin. Op ‘e pleats hiene we ien fan de earste molkmasines.

 Ik fûn der neat oan en molk leaver mei de hannen. Ik molk de skom op de molke en dan diest it goed, sei myn heit eartiids. Ik miste de waarmte om mei de hân te melken, efkens mei de kont op de kij sitte en alle bern gesellich om mij hinne. Mei de masine waard de smûkens der wat úthelle.  Mar om’t myn man sa’n lêst hie fan de hannen moasten we wol wat. We molken 32 kij en dat wie doe in protte. We hiene wol de earste trekker fan it doarp. Yn 1972 kaam ús âldste soan Djurre op de pleats. Ik wie doe 50 jier en noch te jong om boerinne ôf te wêzen. Mar de sûnens liet it net mear ta. Myn rech en knibbels wiene ferslieten en ek Siek syn hannen waarden net mear better. Wy binne doe op ’t Leantsje kaam te wenjen, dêr’t no Jan wennet. In prachtich plakje. De wenningen fan no Joris en Immy Faber en fam. Nieuwenhout stiene der doe noch net en efter ús wie it allegear wetter. It hûs hat foarhinne it tolhûs west foar boaten. Nei de ferhuzing wie Siek noch wol boer mei, mar dat duorre net salang oant Djurre it oernaam. De oare soannen wiene gjin boeren. Pier wie absolút net in boer. De jongens moasten fansels wol mei melke en Pier wie op in kear moai op ‘e tiid yn de hûs. Ik sei doe tsjin him, wat bist betiid. Letter die bliken dat hy it hiele lyts bûthús oerslein hie. Dat wie him krekt, it ynteressearre him net. Hy kaam ek wolris yn de hûs en dan sei der: “ik snap der neat fan, werom sette jim al dy droege kij troch de melkkij, dat is dochs net logysk”. En eins hie der gelyk, mar in boer wie it net. Us Okke wie ek gjin boer, mar in echte rekkender. Hy wie och sa krekt en is letter ek boekhâlder wurden. Okke wie in echt maatskiplik wurker. As der rûzje wie tusken de bruorren, dan wie hy de man dy it spul suste.

Okke Postma 1974

Okke wurke as boekhâlder bij Haagsma Bananenhannel yn Boalsert. Yn 1974 hie hy it der ôfgryslik drok en wie suver oerspant. Syn ferloving wie ek krekt ferbrutsen en dêr hie der it dreech mei. Op 18 juli is hy nei wurktiid noch efkens nei Frisia yn Skraard riden. Om tsien oere jûns is hy op de weromreis nei hûs ta mei de auto ferûngelokke tusken Skraard en Eksmoarre. In oere dêrnei hat syn maat Sybren Westra him fûn. Doe wie Okke al ferstoarn. Okke is 25 jier wurden.

                                                                              

Jan: Ik wurke doe by Hans Reitsma. Okke, Sjoerd en ik wennen doe noch thús. Djurre siet al op de pleats en Pier siet yn tsjinst. Sjoerd hat my jûns wekker makke en fertelt dat Okke ferûngelokke wie. Ik sei: “wolterêsten” en bin wer op bed gongen. Ik wie 18 jier, miskien in nuvere réaksje, mar it drong net ta my troch. De oare deis hearde ik it noch in kear en drong it hiel goed ta my troch. It heucht my noch goed.

 

Mevr. Postma: Myn man wie sa emotsjoneel en ik koe der hast net mei him oerprate. Hy koe der minder mei omgean. Mar ik moast it wol kwyt en as ik it dan dreech hie, dan gong ik út fytsen en song ik allegearre Johannes de Heer ferskes. Dat wie myn manier om it te ferwurkjen, mar ferjitte doch ik it nea. Pier Haagsma, de omkesizzer fan âld Haagsma, de âld-baas fan Okke, komt hjir noch hieltyd twa kear yn’t jier del. Pier hat yn dy tiid ek in protte mei Okke wurke en dat wurdearre ik tige.

Ik mocht graach sjonge en lokkich wiene der ek tiden dat ik fleurich wie en dan song ik echte strjitteferskes. Us buorlju fan doe, famylje ten Brinke (nu fam. Hamstra) diene altyd it rút iepen as ik bûten oan it sjongen wie. Dan seine se tsjin elkoar, ûs kanarjepytsje is ek wer oan de gong.

Jan en Sjoerd

Jan: Doe’t ik 17 jier wie, haw ik harsensfluesûntstekking hân. Us mem rôp my moarns fan bed ôf en ik hie sa’n pineholle en hege koarts, dat wie net normaal. Us mem hat de dokter belle en ik bin fuort nei it sikenhûs ta rekke. Dêr haw ik earst trije dagen allinnich lein op in keammerke en dêrnei noch oardel wike op seal. Yn dy tiid binne der trije minsken op it bed neist my ferstoarn en ik wie sa ôfgryslik ûnwennich. Ik iet hast neat. Doe ik thús kaam, haw ik earst sa gûlt, alle spanning moast der noch út. Mar ús mem wie altyd moedich en fleurich, dus doe ik thús wie, knapte ik wer hurd op.

                                                                                      

 

Ik haw in protte mei it Doarpsnijs yn’e baan west. Geart kaam foarhinne in soad by ús op de pleats en hat ek in skofke by ús wenne, doe’t de pleats fan syn âlden ôfbaarnd wie.

Ik haw 33 jier it Biblioteeknijs, Kontakt en it Doarpsnijs rûnbrocht en bin yn 2000 dêrmei stoppe. Ik koe it net mear kombineare mei de fersoarching fan ús mem. Mar ik haw der altyd in protte wille oan hân. Bytiden smiet ik it troch de brievebus en dan waard it der oan de oare kant al útgrist. Ik haw it ek wolris wer werom lûkt. Somtiden stiene se my gewoan yn de gong op te wachtsjen.

 

Mevr. Postma: Siek is yn april 1995, 79 jier âld, op syn jierdei ferstoarn. Yn desimber 1994 wie by him kanker konstatearre en haw we noch tegearre yn it sikenhûs lein. Ik lei der om’t ik in nije knibbel krige. Fjirtjin dagen foar syn ferstjerren bin ik út Bloemkamp wer thús kaam. It gong ferskriklik hurd efterút mei him. Yn 1999 krige ik in harsensblieding en nei it sikenhûs haw ik âlve moanne yn Bloemkamp west. En dernei haw ik in plakje yn Avondrust yn Makkum krigen, der’t ik no noch wenje. En Jan komt eltse jûn lâns, dan ite we en lêze de krante tegearre. Ik bin der wiis mei.

 

Jan: Ja, mar ûs mem is ek net foar ien gat te fangen. Sa hat it lêsten prestearre om mei de skootmobiel nei Koarnwert ta te riden en is doe by de diik del rekke. Ik wie nei Makkum gongen en koe har net fine yn har keamer. Ja, seine se, se is op paad rjochting Koarnwert. Ik de diik út en wie al in ein fuort, mar ik kaam har net tsjin. Wer werom nei Avondrust, sjoch ik der allegearre minsken op de diik stean. Sit ús mem dêr yn de feart, ik wie har gewoan foarby fytst. Lei moeke dêr yn de blaue drek.

 

En deze laatste typering past heel goed bij de indruk die we kregen van deze bijzondere vrouw. Een vrouw die ondanks diverse tegenslagen vrolijk blijft en weigert continue terug te kijken op negatieve gebeurtenissen. Een vrouw die ook, ondanks haar leeftijd (86 jaar), zolang als mogelijk zelfstandig wil blijven. Petje af en het ga jullie goed. Namens Doarpsnijs bedanken wij jullie beide voor dit bijzondere interview en wensen wij jullie nog veel plezier  voor de nabije toekomst. Ongetwijfeld met de 4 kinderen, de 9 beppesizzers en de 13 oerbeppesizzers !!

 

 

Tekst: Sarie Lycklama à Nijeholt

Foto’s: Jan Postma


Út de kranten


De jeugd van Exmorra aan het carbid schieten op de Gôlle. Op de foto te zien Bindert Faber, op de melkbus André Feenstra, op de achtergrond v.l.n.r. Sierd Jan Steigenga, Gatze Postma en Anne Gietema. (foto B.N.)


Slecht nieuws vanuit de Stichting Ald Faers Erf. De Ferwoudster timmerwerkplaats is geen onderdeel meer van de museumroute. Het pand, daterend uit het begin van de achttiende eeuw, verkeert in slechte staat van onderhoud en is voor de bezoekers niet veilig. Herstel vraagt € 250,000,--, maar dat geld heeft de stichting niet. (Bron L.C.)



Uit de oude doos


04-oude_doos.jpg (205746 bytes)

Van ons bestuurslid Tine Piersma kregen wij de volgende foto. Deze foto stond op 10 februari 1988 in het Bolswards Nieuwsblad. Waar wij wel nieuwsgierig naar zijn, waar in Exmorra is deze foto genomen. Welke woning is hier op de achtergrond te zien. Weet u het ? Wij niet. Mail of schrijf naar Doarpsnijs !!   (voor een vergroting,klik op de foto)


Troch Eksmoarre en Allingawier


Verkoopmiddag ten bate van Israël

Verkoopmiddag van Israël producten is op woensdag 7 februari.

Onder het genot van een glaasje wijn bij Trynke en Hinke aan de van der Weystrjitte 2.

U bent van harte welkom van 14.00 tot 17.00 uur!

 


Hallo Dorpsgenoten!

Het is weer zover…..

Het Open Exmorster Karttoernooi zal weer verreden worden en wel op zaterdag 24 februari.

Na vorig jaar wegens andere drukte een jaartje overgeslagen te hebben gaan we er dit jaar weer volop tegen aan! Er zal weer fel gestreden worden om de wisselbekers die bij de heren in bezit is van Rob Haitsma en bij de dames was Ineke Hoekstra de snelste. Wie gaan de wisselbekers dit jaar overnemen??????

Geeft u allen op voor deze spannende wedstrijd!

De avond zal er als volgt uitzien. Er wordt begonnen met koffie/thee en natuurlijk weer de overheerlijke oranjekoek. Daarna volgt eerst de training, dan de kwalificatie en aansluitend de spannende finale. Dit alles zal verreden worden onder het genot van 2 consumpties en een koud/warm bittergarnituur. De prijs voor deze geheel verzorgde avond zal € 37.50 per persoon zijn.

 

Het kampioenschap zal ook dit jaar weer verreden worden in Leeuwarden en vangt aan om half 9. Verzamelen in het Honk om 19.15. Opgave is mogelijk in het Honk of telefonisch bij Rients Piersma (06-28718055).

Hoop op veel deelname, tot 24 februari.

 

Groeten Rients Piersma  



Verschijningsdata Doarpsnijs Exmorra 2007

 

Het Doarpsnijs komt in principe elke 1e zaterdag van de maand uit. Dit is in 2006 op de volgende data:

 

Datum                                         Kopij inleveren vóór:

3 maart                                         woensdag 21 februari

7 april                                           woensdag 27 maart

5 mei                                             woensdag 24 april

2 juni                                             woensdag 22 mei

7 juli                                              woensdag 26 juni

4 augustus                                    woensdag 24 juli

1 september                                  woensdag 21 augustus

6 oktober                                      woensdag 25 september

3 november                                  woensdag 23 oktober

1 december                                   woensdag 20 november

 


Voorjaarsvergadering KV-Exmorra.

 

De voorjaarsvergadering is op 14 maart a.s. in de kaatskantine.

Zet deze datum alvast in uw agenda en komt allen.

 


De vrouwenvereniging.

 

Nog even een berichtje van de vrouwenvereniging.

De opbrengst van de verkoping was 2372,37 Euro!

We willen iedereen bedanken, voor wie wat heeft bijgedragen

tot het slagen van de middag.

 

Het Bestuur.    


Nationale voorleesdagen.

Prentenboek van het jaar 2007

Kleine Kangoeroe van kinderboekenschrijver/illustrator Guido van Genechten is gekozen tot het Prentenboek van het Jaar 2007. Dit boek wordt het boegbeeld van de Nationale Voorleesdagen 2007. Doel van deze campagne is het stimuleren van voorlezen aan kinderen die zelf nog niet kunnen lezen.

Een jury van Nederlandse jeugdbibliothecarissen koos tien boeken uit het complete aanbod van prentenboeken voor peuters en kleuters. Deze boeken staan centraal tijdens De Nationale Voorleesdagen 2007. Het belangrijkste criterium is dat het boek zo optimaal mogelijk gebruikt moet kunnen worden door ouders en professionals in kinderdagverblijven en peuterspeelzalen. Zo moet het boek goede aanknopingspunten bieden voor zowel interactie tijdens het voorlezen als voor verwerking in spel.
De Nationale Voorleesdagen 2007 van 30 januari t/m 10 februari is een initiatief van Stichting Lezen, georganiseerd door de Stichting CPNB. In 2007 vindt het voor de vierde keer plaats.
De Nationale Voorleesdagen 2007 worden 30 januari officieel geopend met het Nationale Voorleesontbijt.

Op basisscholen, peuterspeelzalen en kinderdagverblijven wordt tijdens een ontbijt voorgelezen aan de kinderen. De volgende 10 titels, verkrijgbaar bij bibliotheek en boekhandel, staan in 2007 centraal:

 

Kleine Kangoeroe

Groot!                                                
Benno is nooit bang
De koning en zijn schat
Lotje
Spuit Elf en de Brandweerolifanten
Muis in de Bibliotheek
De liefste papa en ik
Bijna jarig
Ollie


Zwemdiploma`s


Wederom groot zwemsucces in Exmorra en Allingawier !! Rianna Twijnstra en Anneke Welbedacht slaagden met vlag en wimpel voor hun zwemdiploma A.


Rianne Stremler wilde niet achterblijven en haalde zwemdiploma B !!

Alle drie dames veel zwemplezier en van harte gefeliciteerd !!  


Jo sille it mar beleve!!


Briefkerij tusken Eksmoarre en Boalsert

 

Bêste Freerk,

 

Hasto it de lêste kear net oer âlde van der Zee hân, mei dat flau mopke ? No, syn dochter is him lyk ta de bek útstapt. Ik haw heart dat Bouk –sa hiet se-  der ek wat fan kin. It wie noch nea ta my kommen, mar foarige wike makke ik in rûntsje troch it doarp en it wie allegear lûd en leven by Bouk en Wop. Doe haw ik op de mannenferieniging myn ear efkes te lúster lein. En no wit ik it, it sit sa; Bouk en Wop wenje no sûnt in jier mei harren soannen (de iene opsketten, de oare mar in mantsje) yn Eksmoarre op de Brakelstrjitte. Dêrfoar wennen se yn de metropool Allingawier. Neffens Bouk moasten se ôfgryslik wenne oan de serene rust dy’t hjir yn ús doarpke hearsket. Mar Bouk is net gek en tocht: as ik no in fenomenaal buurtfeest opset, dan wurdt it fansels de grutte bende dy’t ik yn Allingawier went bin.

 

En sa barre it. In foarôf sekuer selekteart selskip út de Brakelstrjitte waard útnoege foar in nijjiersborrel. Ek slim, want Bouk mei graach tûtsje en dêr lient sa’n feestje sich by útstek foar. Sa haw ik heart dat eltsenien by binnenkomst har ferplicht tûtsje moast en dat se hiel de jûn en nacht noch ferskate lokkich nijjier rûndsjes makke hat lâns har gasten. It skynt ek dat har man Wop dit wol bêst fûn, want no wie hy wer in jûn frywarre fan syn wiif. Fynst it net in griis en sokke froulju wenje dan by ûs yn it doarp, sei ik tsjin Lieske (Bist gek, der moasten der folle mear fan sokken wêze..). It is dan ek net in wûnder, ferfolge ik myn ferhaal tsjin Lieske, dat har man Wop hege muorren om de wenning oan it oplûken is om har meneuvels te ferbergjen. Die earme fint. No ja, Freerk foardatst dy mei har ynlitst, ik haw dy warskôge.

 

En ja, oer muorren sprutsen. Hast dy Berlinske muorre ek sjoen efter de betonplaat fan Thomas Postma. Ik miende altyd dat ús doarpke har ûnderskiede yn syn ienigens. No, ferhip mar, mei dy grauwe muorre, oplutsen troch de takomstige buorlju, begjint it my wat te bekrûpen. Hat de EG krekt as tema: “brêgen bouwe yn stee fan muorren” !! En sa is it hiel logysk dat Eksmoarre (dwers as we binne) sich ôfrûne jier hat ûnderskieden yn in joekel fan in muorre wer’t sels in delinkwint as Harm Dijkstra (hennepplantaazje) net sûnder kleanskuorren oer ûntkomme kin !! Thomas is oars net gek. Hy hat syn buorlju goed op de ferkearde foet setten. Hy hat syn boufergunning oanpast fan in boufergunning fan de nije wente yn de bou fan in slúfsilo. Dizze fergunning sil gjin protest opleverje, sa hat der my yn it geheim fertelt. Meikoarten set hij op de betonplaat in joekel fan in silo del dêr’t hij syn nije wente ût it sicht fan de buorlju ôfbout. En mei in stoarm dondert dan de silo yninoar en ferdomt dêr stiet de wente en de beswiertermyn is ferrûn. Is’t net in topidee ?

 

En dat ferhaal fan Harm D. wenjende te E. Hast do dan wier net yn de gaten hân dat die jonge allinnich mar by Lammers wie om syn taakstraf út te fieren. Hy wer gau werom yn de maatskippij en Lammers in goedkeape kreft, sa hat eltsenien tocht. Mar ja, it bliuwt in Dykstra, dus net yn de maatskippij, mar yn it ferkearde miljeu en Lammers fallyt. Sa jonge, no haw ik al dyn “haw ik ris heart-ferhalen” ferklearre.

 

No jonge, ast de wierheid wer ris witte wolst, skriuw my dan, dan sil ik it efterhelje. Groetnis oan Trees en oant skriuwens,

 

Dyn maat,

 

Hindrik  


Fan alles wat


CARNAVAL  CARNAVAL  CARNAVAL  CARNAVAL

 

Op 17 februari is het zover. Stichting LEX organiseert het jaarlijkse carnaval. ’s Middags wordt het weer feest voor de jeugd. Anders dan andere jaren willen we dat iedereen van de leuk verklede en gesminkte kinderen kan genieten en lopen we een optocht door het dorp. Om 14.45 verzamelen we bij ’t Honk waarna we door de Dorpsstraat en de v/d Weystraat lopen.  Daarna is er een super kinderdisco waarbij natuurlijk een aantal leuke prijzen te verdienen zijn als je je leuk of origineel verkleed hebt. Jullie kunnen je weer heerlijk uitleven op swingende muziek en een SPRINGKUSSEN. Rond 17.00 uur krijgen alle kinderen patat en drinken. Rond 17.30 uur is het afgelopen. De entree is € 3,-.

’s Avonds wordt het feest voortgezet voor de “oudere jeugd” en kunnen ook die beentje op de vloer met de feestband “DAKKERAF”. Dit trio, wat een repertoire heeft van nederpop tot rock en roll, van goud van oud tot de meest recente hits, verzekerd ons van een leuke avond.

Carnaval is natuurlijk geen carnaval zonder verklede mensen. Dus… wees origineel en bedenk iets leuks of creatiefs. Voor het leukste idee is er een prijs beschikbaar wat zeker de moeite waard is. We beginnen om 21.30 uur. De entree is €7,50

 

LEX NIEUWS  LEX NIEUWS  LEX NIEUWS  LEX NIEUWS


ROMMELMARKT