|
BURGERLIJKE
STAND WONSERADEEL (een selectie van)
VIJFTIG
JAAR GELEDEN:
JANUARI
/ FEBRUARI / MAART 1957
GEBOREN:
11-2
Sikke z.v. Douwe Kooistra,landarbeider en Jeltje Feenstra te
Exmorra.
28-2
Annie d.v. Jouke Reidsma ,fouragehandelaar en Geertje Bakker te
Tjerkwerd.
6-3
Sybrigje d.v. Johan Vrolijk, kraanmachinist en Sybrigje de Vries
te Makkum
26-3
Marijke Arnolda d.v. Klaas Breeuwsma,veehouder en Eelkjen
Jansen te Hieslum.
HUWELIJK:
6-3
Daniël van der Velde (21) zonder beroep te Piaam en
Geertje Hiemstra (21) zonder beroep te Skuzum.
6-3
Hylke de Vries (49) landarbeider te Zurich en Akke van der Laan
(41) zonder beroep ,weduwe van Paulus Cuperus te Pingjum (voorheen
Allingawier).
7-3
Bauke Jan Couperus (27) veehouder te Lollum en Jitske Stegenga
(20) zonder beroep te Burgwerd.
OVERLEDEN:
1-3
Sjoerd Bijlsma (85)
zonder beroep te Exmorra, weduwnaar van Akke Kroontje.
IN
MEMORIAM 2007
31-1
Johannes Dijkstra (Harns 20-10-1964 -
Itens 31-1-2007) Johannes (Hans) wie yn Wytmarsum
de jongste yn de húshâlding fan âld-Allingawiersters en
-Eksmoarsters Johannes en Tiet Dijkstra-Haitsma..Syn heit en mem
binne beide yn 2006 ferstoarn op hege leeftiid en lizze beide yn
Allingawier op it tsjerkhôf. Johannes is der op 3 febrewaris
neist komt te lizzen. Johannes seach alles net mear sitten neidat
heit en mem der net mear wiene. Hy kaam by syn âldste broer Tom
yn Itens yn te wenjen.der woene se him op wei helpe,mar dat slagge
net.......
9-2
Eabe Zweitze Hazewindus (Lemmer 18-6-1944 - Utrecht
9-2-2007).Oudste Allingawiersters herinneren zich frou Jantje
Bergsma-Velzen in het huis waar nu Swieringa woont, zij woonde er
in de jaren vijftig. Frou Bergsma had drie kinderen die allen
schipper werden,zij vaarden op schepen met namen als
"Cura", "Norma" en "Zwerver" de
schepen werden steeds groter en konden Allingawier niet meer
bereiken.Ze vaarden meestal op de grote rivieren en
"opoe" in Allingawier had geregeld logées van families
Bergsma, Bruinsma en Hazewindus. Eén van de logées was Eabe, al
of niet met zijn oudste zuster: Bonny
(nu 75). Eabe is na ernstige ziekte overleden en werd op 14
februari begraven op de Essenhof te Dordrecht.
10-2
Ynte Jan Dijkstra (Bolsward 3-7-1926 - Ameland 10-2-2007)
Ynte Jan was vroeger vaak in Exmorra omdat zijn familie (de
familie Heeres-Wiersma) hier vandaan kwam. Ynte Heeres was bakker
in Exmorra in de negentiende eeuw en getrouwd met Exmorster meisje
Dieuwke Wiersma. Zoon in dit gezin was Jan Heeres de latere
"koopman" in Bolsward en eigenaar/oprichter van
Van der Plaats koffie en thee en PIM-margarine. Jan Heeres
sponsorde de Exmorster muziek- vereniging "Concordia"
(1902-2002) De nu overleden
Ynte
was een oomzegger van "de koopman",maakte veel
mee in Wereldoorlog II en overleed na een hartstilstand op de
boot, op zee, onderweg naar het ziekenhuis in Dokkum.Hij is op 16
februari te Bolsward begraven.
17-2
Jeltje Twijnstra-de Boer (Gaast 16-8-1948 -Gaast
17-2-2007) Jeltsje wie in echte Gaaster, se wie 37 jier troud mei
in Gaaster
Gerben Twijnstra ! Nei in tiid fan sykte is se ferstoarn.Har man,
dochter Aukje en soan Jehannes en de oare famylje lit se efter.
Soan Jehannes wennet mei Angela Ypma yn de Van der Weystrjitte yn
Eksmoarre.Op woansdei 21 febrewaris is Jeltsje yn Gaast begroeven.
DE
KALDE ERFENIS
De
bekende âld-Tsjerkwerter Hylke Speerstra skriuwt yn syn boek
"De kâlde erfenis" oer in wintereis troch Fryslân, dit
is in boek út 2001 en ferskynde bij
de Friese Pers Boekerij
yn Ljouwert.
Se
reedride dan yn de jierren fyftich yn Tsjerkwert op de Warkumer
Trekfeart tusken de brêge en de âld skoalle.Yn de hurdriderij
giet it op lêst om priis en preemje. Dan sjocht Hylke der in
grutte jonge út de Allungawierster polder.Ien dy't folle mânsker
eage as Hylke sels. De Tsjerkwerters seine "dy is betiid
ryp". In jonge dy't út in fûleindich nêst kaam : Aiso
Pierius .soan fan Jehannes Anne's Gietema.
Syn
folk wie lid fan de Tsjerkwerter iisklub wurden om't dy knaap sa
hurd koe.
Hylke
bliuwde oan de einstreek in reedlingte achter. Sa ferlear Hylke
fan in jonge dy't like âld wie as hy. Konklúzje fan Hylke wie:
ïk ferlear fan in jonge dy't safier weikaam dat wy harren pleats
fan de grintwei op Ymswâlde net iens stean sjen koene. No, dan
hoegden jo jo der ek net foar te skamjen dat je fan sa'n jonge
ferlieze moasten........
g.ringnalda@home.nl
Exmorsters
in Faktor Freed op omrop Fryslân
Niet
alleen Sierd Steigenga met dochter Nicole was met een kort
interview te zien in het programma Faktor Freed op vrijdagavond op
Omrop Fryslân. Ook Tine Piersma, Lammy Feenstra en Henny Feenstra
waren duidelijk aanwezig, maar dan als toeschouwers op de eerste
rij in beeld.
Tussen
tomme en wiisfinger
Tammerus van der Veen en Yko de
Boer uitgezonden door de luchtmacht naar Kirgzië en Kabul
(Afghanistan): “Dizze
útstjoeringen wiene goed te dwaan, mar as we nei Uruzgan moatte,
dan wurdt it al minder…”
En
waar Doarpsnijs ooit startte met het interviewen van de
beroepsmilitairen Jetse Steigenga en Gerhard Reuvers, wordt het nu
tijd om twee jongemannen te spreken die inmiddels al een aantal
jaren als beroepsmilitair werkzaam zijn. Het betreft Tammerus van
der Veen en (inmiddels) oud-exmorster Yko de Boer die met z’n
beiden al een aantal uitzendingen op naam hebben staan. Omdat de
Nederlandse militairen die uitgezonden zijn naar Uruzgan
(Afghanistan) bijna wekelijks in het nieuws zijn, vraag ik me wel
eens af wat een uitzending naar het buitenland voor hen betekent
en vooral wat voor risico’s lopen Tammerus en Yko op hun
uitzendingen. Het wordt tijd om Tammerus en Yko hierover aan de
tand te voelen.
Tammerus:
Tsja,
hoe komst ta it beslút om yn militêre tsjinst te gean. Ik haw it
eins altyd al wollen. Ik bin berne op 3 july 1982 yn Eksmoarre,
haw hjir de basisskoalle trochrûn en bin doe nei de Mavo yn
Boalsert ta gongen. Wol nei de Mavo, mar altyd yn de efterholle
berops te wurden. Nei de Mavo wie ik 16 jier en koe ik noch net yn
tsjinst, dêr foar moast ik 17 jier wêze. Om dit te oerbrêgjen
haw ik nei de Mavo in oriïntaasjejier dien oan de ‘Friese
Poort’ yn Ljouwert. Dat is spesjaal opsetten foar jongerein
dy’t lykas my noch te jong binne om yn tsjinst te gean. Eins is
it in tariedend jier. Nei dit opliedingsjier waarden we keurd en
doe koe ik 17 jier âld yn tsjinst. Ik bin doe yn Oirschot kaam dêr’t
ik de ‘Algemene Militaire Opleiding (AMO)’ foar de lânmacht
trochrûn haw. Dat duorre trije moanne en fuort dêrnei
bin ik yn ’t Harde kaam dêr’t ik yn trije moanne oplieden
waard ta rjochter op in kanon. Eins wurdst yn dit koarte
tiidsbestek klear makke foar it ûnderdiel dêr’t dyn takomst
leit. ‘Paraat komme’, nimme wy dat. Ik haw doe twa en heal
jier by de 11e ôfdieling fan de ridende attelery wurke. Dat is in
ôfdieling mei 24 kanonnen. Yn 2001 hie ik it der wol besjoen en
haw ik skreaun op in oare funksje by de loftmacht. Ik woe ek
graach wat tichter by hûs sitte en dan is de Ljouwerter basis in
prima opsje. Yn april 2002 koe ik dêr begjinne. It ferskil tusken
de lânmacht en de loftmacht is enoarm grut. De lânmacht libbet
yn hiërarchie.
|