|
DOARPSNIJS
Dorpskrant
voor Exmorra en Allingawier
Jaargang
45 ,
nr. 2053
juni
2008
Voorwoord
Beste
mensen,
JUNI
En
nu de schoolreisjes van de kinderen reeds in zicht komen, loopt
het al vrij snel naar de zomervakanties. En dat schiet zo naar
de maand juli toe al snel op.
Met
een paar weken mooi weer achter de rug, begint de zomer er al
wat op te lijken. Ook deze maand weer genoeg stof om over
schrijven.
Deze
maand aandacht voor de foto’s die door (oud)-dorpsgenoten zijn
gemaakt tijdens Koninginnedag in Makkum. In ‘tusken tomme en
wiisfinger Pieter en Wiepy Dijkstra-Feenstra aan het woord.
Een
nieuwe 1, 2, 3 raad maar wie en ook de foto van vorige maand
waar nog geen goede oplossing voor is binnengekomen.
Nieuws
over het dorpsfeest.
Foto’s
en krantenartikelen.
En
nog veel meer.
Veel
lees en EK plezier en tot de volgende maand,
De
redactie.
Inhoud
Soarch
en blydskip.................................
4
Puzzel....................................................
7
Tusken
tomme en wiisfinger................... 8
Út
de kranten
........................................17
Troch
Eksmoarre en Allingawier...........
19
Jo
sille it mar beleve.............................
22
Fan
alles wat
.........................................24
Sportnijs...............................................
32
Kerknieuws
...........................................37
Eén,
twee, drie.......................................
39
Út
it laadsje
...........................................40
Weer..........
............................................41
Maandkalender......................................
42
|
|
Soarch
en Blydskip
|
|
|
Beste
dorpsgenoten,
Graag willen
wij iedereen bedanken voor alle lieve kaartjes, kadootjes
en felicitaties die wij gekregen hebben na de geboorte van
Ivar. Het is een heerlijk kereltje en we genieten enorm van onze
drie jongens. We vinden het ontzettend leuk dat er in Exmorra zoveel
mensen zijn die een attentie gegeven hebben na zijn geboorte.
Bedankt
daarvoor.
Groetjes
Gaston, Carla, Yourie, Tycho en Ivar
Hallo
dorpsgenoten
We
willen hiermee iedereen hartelijk bedanken voor de belangstelling en
de kaartjes en cadeautjes die we hebben ontvangen na de geboorte van
onze jongste zoon Ytsen,
Hartelijke
groeten en een fijne zomer toegewenst!
Familie Heeres.
|
|
|
Beste
Doarpsgenoaten fan Eksmoarre/Allingawier
Wij
bînne verhûze! Eins te plak.
Us
nije adres:
Vierhuizen
4
8758
LG Allingawier
tel:
0515-232558
Groetnis,
Siebe,
Hotske & Harmen
|
Oproep:
Beste dorpsgenoten

Zaterdag
14 juni is het feest!!!!
Ik
hoop dan 80 jaar te worden.
Een
ieder die mij wil feliciteren is welkom.
Van
15:00 uur tot ongeveer 18:00 uur staat er een borrel en een hapje
klaar.
Met
een optreden van Imca Marina, feintsje van Menaam en theatergroep
ACTA uit Leeuwarden.
We
hopen op een gezellige middag.
Hartelijke
groeten Yde Schakel.
Ps:
tevens vragen wij een hulpje voor de tuin en binnenshuis ongeveer 15
jaar.
Graag
contact opnemen met Yde Schakel, Allingawier
|
Annie
Gietema 50 jaar!!
Op
4 mei jl. op de dag dat iedereen de vlag halfstok heeft hangen, werd
Annie Gietema door haar gezin verrast met een Sara in de tuin en een
enorm spandoek met de
tekst: “Mei sieraden
meitsjen hat se plesier, dizze faam wurd hjoed 50 jier”. Van
harte gefeliciteerd !
|
|
|
Tusken
tomme en wiisfinger
|
|
Pieter
en Wiepy Dijkstra-Feenstra: “Us libben hat altiid fol fan
foarspoed west”
Deze maand voelt het interview aan als een makkie. We hebben
tijdens een redactievergadering besloten Pieter en Wiepy Dijkstra
te benaderen voor ons maandelijkse interview. En na een positief
antwoord is het een kwestie van 20 meter voordat wij ter plaatse
zijn. Op een woensdagavond –kleindochter Bouwina Bruinsma slaagt
die dag voor haar zwemdiploma B- steken we de weg over en bellen
aan. Wiepy laat ons naar binnen en als we gaan zitten, ontvouwt
Boukje onze tactiek die we vooraf in twee minuten hebben
besproken.
|
|
|
|
Deze
keer starten we de avond niet met de heer des huizes Pieter
Dijkstra, maar starten we het gesprek met zijn echtgenote Wiepy.
En dit niet in de laatste plaats omdat dit voor Pieter niet het
eerste interview is. Een man die gewend is om in het middelpunt
van de belangstelling te staan en ook iemand waar ook al diverse
artikelen over geschreven zijn. Tijd dus om onze aandacht te
verzetten naar zijn echtgenote, die op de achtergrond altijd zijn
deelgenoot is geweest.
En
nadat de koffie is ingeschonken en het echtpaar heeft ingestemd
met onze tactiek, starten we het interview vanuit de jeugd van
Wiepy. Wiepy: No, ik
ben berne op 5 july 1944 as tredde bern fan Jan en Geiske
Feenstra-Wynia Yn deselde nacht dat de fleanmasine mei de
propeller dy’t op de Golle stiet delkommen is. We wiene thús
mei 7 bern. Trije jonges (Sietse 1940, Willem 1942, Jan 1946) en
fjouwer famkes (Durkje 1950, Anneke 1952, Wietske 1954 en ik). Yn
de tiid fan myn berte wennen wy noch yn de helft fan it hûs dêr’t
no Yfke Reinsma wennet. It hûs wie do yn twaen ferdield en wy
wennen oan de kant fan it pleatske fan famylje Ypma. It wie
eartiids fansels wol de pastorij fan de grifformearde tsjerke, mar
om’t de dûmny yn Wûns wenne, koene dêr twa húshâldingen
harren plak der fine. Myn pake Sietse en beppe Wieb Feenstra
wennen doe noch op de pleats op de Syl dêr’t ús broer Willem
oant 2007 wenne hat. Myn omke Bouke wenne yn dy tiid by pake en
beppe Feenstra yn en letter ferhuzen hy en syn frou Antje nei de
pleats fan no Klaas Wiersma. Nei de oarloch binne
myn heit en mem nei de pleats op de Syl ferhuze. Op de
pleats binne Jan, Durkje, Anneke en Wietske berne. As’t oan de
oare kant fan it wetter by Sietse Altena sjochst, kinst noch in
loswaltsje sjen. Dit is noch hieltyd fan de gemeente. Eartiids
leinen de frachtskippen der oan.
We
boarten in protte mei de bern fan Yntema, dy’t ek op de Syl
wennen. Yntema wie katolyk en dêr wie in faam dêr’t wy wol in
protte mei boarten. Mar dat koe allinnich oerdei en troch de wike.
Jûns en yn de wykeinen seagen we net nei elkoar om, want ja, sy
wienen katolyk en wy grifformeard. Op snein wienen we fansels net
oan it wurk, mar we mochten wol op redens nei de tsjerke en ek
noch werom en dan krekt salang oant we de redens útdienen. Mar dêrnei
mochten se net mear ûnder oant de snein foarby wie. Tusken de
pleats fan Yntema en no it pleatske fan Sietse Altena hat eartiids
ek noch in lyts pleatske stien. Dat stie oan de dyk en dêr wenne
âlde frou Ymke Prins.
Ik
haw de legere skoalle trochrûn yn Eksmoarre. Myn skoansuske
Doutsje siet by my yn de klasse en ek Hiltje Welbedacht (sus fan
Wietze Welbedacht, Allingawier) en Minke Kooistra. Ik koe en mocht
hjirnei ek fan myn âlden wol trochleare. Yn dy tiid wie der in
herfoarmde Mulo en in grifformearde Mulo. Mar ik woe hielendal net
nei de Mulo, mar nei de húshâldskoalle. Der gongen doe al myn
freondinnen ek nei ta. Ik haw it dêr eins nea nei it sin hân.
Ik haw it lang ûntkent, mar efternei hie ik wol trochleare
wollen. Ik dream der noch wolris oer.
Ik
kaam 15 jier âld fan de húshâldskoalle en haw doe noch trije
jier thús west om ús mem te helpen yn de húshâlding. Melke ?
Nee, ik hie en haw neat mei it boerewurk. Ik hie lykas ús mem
neat mei kij. Ik bin skitenbenaud foar alles wat beweecht. Us heit
hie ek arbeiders, it wie ek net nedich dat wy meiholpen. Yke Ypma
hat noch in protte by ús heit west te arbeidzjen. Dat die der dan
neist syn eigen spultsje. En letter holp Willem in soad mei. Ik
haw 18 jier thús west en woe doe wolris bûten it hûs oan it
wurk. Ik kaam doe op kantoar by de striehannel P.S. de Boer yn
Makkum. Dat waard gewoan foar my fersoarge. Neffens my siet tante
Antje der efter. Myn earste lean wie doe 30 gûne. Ik wit noch dat
ik der fuort in fest en trije ûnderbroeken foar kocht ha.
Geweldich no, it like krekt as hie ik der breanedich ferlet fan.
Net dus ! Ik haw efternei wol mist dat ik net trochleard haw. It
typen haw ik thús noch leart, mar foaral it net kinnen fan oare
talen haw ik oergryslik mist. We binne tegearre faak genôch nei
it bûtenlân west, mar ik kin my der net mei rêde. Meastentiids
stjoer ik Pieter dan foar my út en sokke dingen binne nofliker as
jo wat oare talen behearskje.
Ik
haw trije jier wurke by de striehannel en doe’t we trout binne
yn 1965 bin ik opholden mei wurkjen. Der waard net iens oer
sprutsen, dat wie sa.
Nu we al bij de trouwdag zijn aanbeland, wordt
het tijd voor het verhaal van Pieter.
|
|
|
|
Want
hoe leerden zij elkaar kennen, Wiepy uit Exmorra en Pieter uit Nes
.. Maar voordat we daaraan toe zijn, vertelt Wiepy het verhaal van
het schilderij dat tegenover ons in de kamer hangt. Wiepy: Ik woe hjir wol graach wat yn de keamer te hingjen haw. Mar
sa’t ik al sein haw, hold ik net fan kei of sa. Dit
oaljeferfskildery is skildere troch Antje van der Werf (dochter
Wietse en Annie Welbedacht uit Allingawier) fan in foto dy’t 25
jier lyn yn de Boalserter Krante stien hat. Ik seach it doe fuort,
it wie ús heit dy’t mei syn molkeammerke oer de Sylsbrêge
fytste. Ik fûn it prachtich. Ik haw it in jier lyn op myn jierdei
krigen en myn mem hat it skilderij ûntbleate. De bern hiene der
in offisjeel kleed oerhinne hongen. Mem fûn it prachtich en it
hat foar my in grutte emosjonele wearde.
En na dit mooie verhaal zijn we toe aan het
verhaal van Pieter. Want die heeft moeite moeten doen om zich zo
goed als mogelijk stil te houden tijdens het verhaal van zijn
vrouw. Maar nu is ook zijn moment aangebroken. Pieter:
Ik bin berne op 12 february 1939 yn Ferwert as âldste soan
fan Harm en Ytske Dijkstra-Miedema. Nei in heal jier bin ik mei
myn âlden ferhuze nei Nes. Heit wie boere-arbeider by bouboeren
yn de omkriten en hie sels ek wat kij. Syn situaasje wie ferlykber
mei Yke Ypma syn ferhaal. Nei my binne der noch trije broerkes
berne: Tjerk fan 1942, Ane fan 1944 en Lieuwe fan 1946. Heit wie
in keuterboerke en hie in hok en in pear stallen. Ik moat sizze
dat er it wol wat opboude. Hy is mei fjouwer kij begûn, mar hie
op it lêst in stik of sân. We wennen bûten Nes yn it lân, mei
allinnich in sintelpaad en in modderreed nei it spultsje ta.
Eartiids wie dat sa, mei in fytspaadsje der dan neist. Yn de
oarloch wie de skoalle in protte ticht, mar ik haw yn de oarloch
ek diftery hân. Lokkich is dit goed ôfrûn, mar it hat slim
west. It foardiel fan in difterygefal yn de húshâlding wie, dat
der gjin Dútskers yn de hûs kamen. Wy hiene dan in buordsje op
de doar en dat betsjutte ek dat we in soad ûnderdûkers yn hûs hân
hawwe. We hiene yn de oarloch ek gjin fyts en dan moasten we it
hiele ein nei skoalle rinne. Tusken de middei bleaunen we yn Nes
by in âld omke en muoike. Kinst it leauwe as net, ik hie altyd in
oergryslike hekel oan skoalle. Mem wist dat altyd krekt en as ik
nei skoalle rûn, wie de wite hikke dêr’t ik foarby moast altyd
myn deade punt. Somtiden bleaun ik dêr hingjen en dan kaam mem my
efternei. As ik foarby de hikke wie, dan kaam it wol goed. Ik
skoalskûle in hiele soad en beaun dan yn it doarp hingjen. In
oare âldomke seach my te faak ûnder skoaltiid yn it doarp
omhingjen en fertelde dat tsjin heit.
|
|
|
|
Doe
foel it net wer foar en waard ik eltse dei kontroleard as ik op
skoalle oankommen wie.
Troch
de diftery haw ik in jier langer oer de legere skoalle dien. Nei
de legere skoalle bin ik nei de Mulo gongen yn Dokkum. Ik moast de
Mulo A dwaan om nei de kweekskoalle ta te kinnen, mar ik woe
graach nei de sosjale akademy yn Grins om maatskiplik wurker te
wurden. Dizze stúdzje koe ek yn oare steden, mar as ik yn Grins
komme koe, koe ik op en del nei hús. Op keamers wenje wie te
djoer. Mar Grins stie yn dy tiid bekend as ien grut read briedend
nêst en sa wiene myn âlden der net rjocht wiis mei en dûmny hat
doe sein dat it better net wêze koe. En doe bin ik nei de MULO A
mar nei de kweekskoalle yn Dokkum ta gongen. Yn 1960 haw ik der
myn haadakte helle nei in wereksamen. Dat wie berekkene, want as
ik yn july yn ien kear eksamen dien hie, dan hie ik yn septimber
yn tsjinst moatten. Mar mei in wereksamen dat yn oktober barre
moast, wie ik noch in learling en koe ik net yn tsjinst. En derom
koe ik yn dy tuskentiid moai sollisitearje nei lytse 2-mans
skoaltsjes, want der wie in protte ferfanging nedich en dan koene
je frij fan tsjinst. En sa sollisitearre ik nei in stik of fjouwer
skoaltsjes wêrûnder Eksmoarre.
Ik waard yn Eksmoarre ûtnoege foar in proefles.
Fanút Nes bin ik mei it iepenbier ferfier nei Eksmoarre ta
reizge. Dat wie 6.00 opstappe en 10.00 yn it doarp oankomme. De
foarsitter fan it skoallebestjoer, Harmen Alkema (pake fan
Eksmoarster Jan Alkema), wachte mij op by it busstatsjon yn Eksmoarre. Ik tocht,
doe’t ik útstapte, wêr bin ik hjir bedarre. De skoalle stien
efter yn é steech. Der wiene trije lokalen wêrfan ien lokaal in
houten flier hie mei in skodoar yn de midden.
|
|
|
|
.
Ik haw in proefles jûn en efter yn de klasse sieten de
bestjoersleden Harmen Alkema, Gerrit Boersma, Yke Ypma en haad fan
de skoalle Lieuwe Postma. Ik waard beneamd troch it bestjoer op 10
desimber 1960 mei in oanfangssalaris fan fl.346,- de moanne. Yn de
tuskentiid haw ik noch koart ûnderwizer west yn Broeksterwâld.
Lieuwe Postma wie as haad fan de skoalle herfoarme en derom moast
de skoalmaster grifformeard wêze en dat wie ik. Ik koe fuort yn
de kost komme by famylje Burghgraef, dy’t eartiids wenne yn it hûs
fan no Harmen en Geeske Salverda. Yn Eksmoarre haw ik skoalmaster
west fan 1961 oant 1967.
Pieter: In
heal jier nei myn komst yn Eksmoarre siet ik ek by de
jongesferieniging. It wie bekend
dat der in moaie cefa- film soe spiele yn it doarpshûs yn
Witmarsum. En sa gongen we op freedtejûn mei 12 Eksmoarsters der
op ta. Op de fyts nei Witmarsum. Yn it doarpshûs siet it wat
krap, mei 12 minsken op 11 stuollen. Harmen Boersma hie doe in
eachje op ien fan de fammen. Hy woe har lykas ik wol nei hûs ta
bringe. Doe haw ik de weromreis neist Wiepy fytst. Op de Syl binne
we tegearre de reed op riden en sa is it kommen. Fierder op it
Spokepaadsje ha we efkes kennismakke. Sa neamde Wiepy har heit it
paadsje nei de foardoar.
|
|
|
|
Nei
oardel jier ferkearing haw ik Wiepy har heit yn it bûthús om
tastimming frege foar de ferloving. Skoanheit makke fuort dúdlik
dat ferloven net samar wat wie. Ferloven wie in opstap foar it
houlik. En oardel nei ús ferloving, nei trije jier ferkearing
binne we yn 1965 trout. Nei ús trouwen kamen we te wenjen yn it hûs
oan de doarpsstrjitte dêr’t no Rintje de Vries en Vrony de Boer
wenje. Neist ús wennen doe Tsjalke en Sjoukje Bergsma. Sjoukje is
altyd in freondinne fan Wiepy bleaun. Wiepy: We drinke al 40 jier lang eltse moandei tegearre in bakje
kofje.
Pieter:
Yntusken hie ik myn Fryske akte helle. Eksmoarre wie doe ien
fan de earste twatalige skoallen. It wie in brede skoalle. We
joegen kursussen oan húsfroulju foar algemiene ûntwikkeling.
Wiepy hat der ek oan mei dien en hat hjir noch in grut diploma
lizzen mei de tekst: Geslaagd,
dhr. Wiebrig Feenstra. Der dienen altyd in protte
doarpsgenoaten oan mei. Letter is dit opholden en haw ik noch AFUK
kursussen joen by minsken thús.
Yn
1967 haw ik sollisiteard by de grifformearde Mulo yn Boalsert. Direkteur
Wester kaam út Boalsert wei by ús op skoalle en gong dêrnei mei
my nei hûs. Wiepie is net sa’n húshâldster en we kamen har
oer it mat. Se wie oan it stofjen mei in âlde ûnderbroek en dy
lei op de bank. Ik tocht dit giet my myn baan kostjen. Mar it kaam
allegear goed en ik waard oannommen. Yn maart 1967 bin ik learaar
wurden op de Mulo yn Boalsert. Mei de haadakte koe ik de measte
fakken wol jaan op de Mulo. Ik bin begûn mei tekenjen, Nederlâns
en skiednis en maatskippijlear. We krigen doe in hûs tawizen yn
de Boudewijnflat yn Boalsert. Dat fûnen we
mar neat en doe binne we yn Eksmoarre bleaun. Yn
1968 kaam der in nij ûnderwiissysteem mei de mavo, havo en it vwo
yn plak fan de Mulo + HBS. Leararen dy’t foar 1968 yn it âlde
systeem wurksum wiene, nommen al it foech mei oer. Yn 1970 bin ik
neist learaar ek dekaan wurden en krige myn karriêre wat in
oanfang en waarden we ek heit en mem. Yn 1971 is ús dochter Gerdi
berne, yn 1974 soan Harm Tjerk, yn 1975 soan Jan, yn 1976 dochter
Ida en as lêste yn 1984 dochter Anna-Wiets. Yn 1985 bin ik
adjunct-directeur yn Boalsert wurden.
|
|
|
|
Dêr
op werom sjoen haw ik yn Boalsert in prachtige tiid hân. Ik haw
der 22 jier wurke.
Yn
1989 haw ik in baan oannommen yn Ljouwert as direkteur fan de
Leao. In skoalle mei 200 learlingen. Ik bin oannommen mei de
betinkst dat ik ree wie de skoalle mei te litten dwaan oan in fúzje
mei 3 oare Mavo’s, 1 húshâldskoalle, 1 LTS, 1 HBS en 1
gymnasium. Dat slagge en út dizze fjouwer skoallen is Comenius ûntstien.
Oardel jier nei de fúzje waard ik lokaasjesdirekteur fan de
Esdoarnlokaasje mei 20 dosinten en 350 learlingen ticht by
Camminghabuorren. Doe’t ik 57 jier wie haw ik in beroerte hân.
Ik siet thús op de bank en Auke en Gerdi wiene by ús. Ik wie net
fit, waard hieltyd minder en bin de nacht noch thús bleaun. De
oare deis bin ik mei de ambulânse nei it sikehûs ta rekke. Alle
funksjes foelen út en ik wist der neat mear fan. Ik haw in wike
yn it sikehûs lein en dat wie in mirakel. Stadich kaam alles wer
in bytsje werom. Mar kinst dy begripe, ik siet gewoan in boek op
de kop te lêzen, ik wist hielendal neat. Ik wie ek krekt
foarsitter wurden fan it CBO Wûnseradiel. Nei myn beroerte hat D.
Koehoorn dit in jier langer dien en nei in jier haw ik it wer
oernommen. Undertusken wie ik foar fjouwer dagen werom kaam en dat
haw ik dien oant ik yn 2000 yn de VUT koe. Ik haw der altyd mei in
protte nocht wurke.
En
hoe it siet mei de kombinaasje privee en wurk ? No, efternei sjoen
haw ik wol te min tiid foar de bern hân. Ik wie in protte oan it
wurk en jûns ek altyd
op de kletter foar maatskiplike ynstellingen, de gemeenterie en de
tsjerke. Wiepy draaide der thús altyd wol allinnich foar op.
We
genietsje no folop fan dizze faze yn ús libben. Efternei freegje
ik my wolris ôf hoe ik it allegear kombinearje koe.
De hichtepunten dêr’t we it noch net oar hân haw is it
spjeldsje fan de Royal Airforce. Dy krige ik foar alle ynset as
foarsitter fan it doarpsbelang fan de famylje fan de omkommen
flieger by de ûntbleating fan de propeller op de Golle yn 1998.
Dit hat mear yndruk op my makke dan de keninklike ûnderskieding.
Mar ek dat hat in hichtepunt foar ús west yn 2001.
Het
gesprek loopt ten einde en ik sluit de map. Maar dan komen de
anekdotes over de kinderen en die zijn zo typerend voor het gezin
Dijkstra dat ze absoluut bij dit verhaal horen.
Pieter:Harm
Tjerk hat altyd gek west op it slachtsjen fan kninen. We hiene de
friezer altyd fol. Neffens ús hat dat altyd de oanlieding west om
nei de slachtersfakskoalle te gean. Hy hat ek sawat 12,5 jier
wurke by slachterij Lammers yn Boalsert. Hy krige derfoar in grut
skildery. Hy wurket no al wer jierren bij Poiesz yn Harns.
En Jan, dat wie altyd in goochem mantsje. Dan pisse der op skoalle
oer syn skuon hinne en kaam dan by de juffer om te swearen dat der
safolle bern oer de flier pisse hiene, dat it wetter oan syn skuon
ta kaam.
Harm
en Jan haw ek byelkoar yn de klasse sitten by Sjoerd Schaaf. In
tal fan bern gongen dan mei him te damjen. Jan mocht der damje,
mar om’t se net by elkoar yn in groep koene, moast Harm wol
blokfluitsje. Moast dy yntinke, Harm en in blokfluit.
Foar
de berte van Anna-Wiets binne we tegearre op swimles gongen mei
noch wat oare doarpsgenoten. Wiepy wie altyd deadsbenaud foar
wetter en is derom ek tuskentiids ôfheakke. Ik haw it A-diploma
noch wol helle. Mar Wiepy hast der nea in plezier mei dwaan
kinnen. En dûnsles dat wie foar my wer in drama. Mei Wiepy dûnsje
dat gong noch wol, mar mei in oar koe ik neat. Nei seis wike bin
ik opholden, oars wie it útrûn op in skieding, tink ik. Ik haw
absolut gjin maatgefoel.
|
|
|
|
En
zoals Anna-Wiets al voorspelde, Pieter praat zo tot middernacht
door en vult elke minuut moeiteloos in met tekst en uitleg. Maar
het wordt laat en tijd om er een eind aan te breien. Pieter en
Wiepy, bedankt voor deze avond. Ondanks wat lichamelijke
beperkingen, is het duidelijk dat jullie samen genieten. Niet
alleen met z’n tweeën, maar ook met de kinderen, partners en met de inmiddels 8 kleinkinderen Wybrich-Anna,
Bouwina, Enno-Pieter, Jelmer, Sydo, Hidde, Birthe en Wessel.
Tekst:
Sarie Lycklama à Nijeholt
Foto’s:
fam. Dijkstra
|
|
Út
de kranten
|
|
|
|
In het DN van vorige maand maakten we al melding van de tweede prijs die
Daniel Jonkhout en Robert Hendrik Twijnstra behaalden tezamen met
een aantal klasgenoten op het Marne College tijdens Het
friestalige sjongfestival Sjong 2008 voor de beste songtekst.
Nogmaals van harte gefeliciteerd.
|
|

Verder
op in DN nog even speciale aandacht voor oud-dorpsgenoot Karin Brander die de stepelfstedentocht voor de eerste keer stepte
en mooi op tijd finishte. Een puike prestatie. Van harte
gefeliciteerd !!
|
|
|
Alweer
een supersportieve oud-Allingawierster in het nieuws. Deze keer
niet per step, nee, Johannes
Reitsma (nu Makkum) liep met 5 andere Makkumers de
wandelelfsteden. En ook dit is een superprestatie. Ook namens DN
van harte gefeliciteerd !
|
|
Troch
Eksmoarre en Allingawier
|
|
Collecte
opbrengst Nederlandse Hartstichting
In
Exmorra:
311,25 Euro
In Alligawier:
84,20 Euro
---------------
Totaal:
395,45 Euro
Alle
gulle gevers heel hartelijk dank!
Namens
de kontakt personen,
Mw.
P. Lycklama à Nijeholt-van Berkum (Allingawier)
Mw.
S.Zijlstra-Swart.
Mw.
Boukje Brander- v.d Zee.
Griet
de Boer-Bartsma. (Eksmoarre)
Met
vriendelijke groeten,
G. de
Boer-Bartsma
DORPSBELANG
NIEUWS DORPSBELANG NIEUWS
Het is weer mogelijk om tegen een
gereduceerde prijs entree kaarten te krijgen voor Aqua Zoo Friesland
te Leeuwarden. Er is een korting van meer dan 50%, ipv €
14,50 kosten ze € 6,25 per stuk. De kaarten zijn geschikt
voor volwassenen, kinderen en 65 plussers en zijn onbeperkt geldig.
Deze actie geldt tot 30 juni 2008. Ze kunnen besteld worden bij
Carla Postma. Stuur een mailtje naar carla.postma@home.nl
of bel naar 572153.
In
de eerste week van juni komt dorpsbelang Exmorra de contributie
ophalen. Dit bedraagt €10,-
“Buurtvereniging
De Letbloeiers”
Vrijdag
13 juni organiseren wij voor onze buurt voor de 4e keer een Buurtwandeltocht
Dit
jaar maken we het klaverblad rond, na de afgelopen 3 wandeltochten
zijn we nu toe aan het laatste stuk, het gebied tussen Surein,
Tjerkwerd/Baburen en de Bolswarderweg. Verzamelen om 19.30 uur bij
Douwe en Anneke Terluin.
Graag
vóór maandag 9 juni aangeven op hoeveel volwassenen en kinderen we
kunnen rekenen. Wij hopen net als de voorgaande keren op een grote
deelname en een erg gezellige wandeltocht!
Opgeven
kan bij één van de volgende personen:
Sietse 574546
Eelke
574276
Akke
573180
s.d.altena@zonnet.nl
Groep
7 en 8 slagen voor verkeersexamen
Deze
keer helaas geen foto’s van alle geslaagden, maar wel resultaten.
Alle 11 deelnemende kinderen uit groep 7 en 8 van CBS de Oerdracht
slaagden eerst voor hun theorie-examen en slaagden daarna ook met
vlag en wimpel voor het praktijkexamen op de fiets in Bolsward op
23/5 jl. Alle
geslaagden van harte gefeliciteerd !!!
Oudpapier
Zaterdag
28 juni 2008
Bolswarderweg:
Jan Willem Feenstra en Willem Jan Postma
Allingawier:
André Abma en Klaasje Bijlsma
Exmorra:
Douwe Terluin, Gaston Drost en Hendrik van der Goot
Reserve:
Theo Tolsma of Sicco
Postma
Dorpsfeest
2008
Op
de vrijdagavond staat er een Bonte Avond ingepland, met als thema
“Olympische Spelen”. Wij hebben vernomen dat dit thema vrij
lastig is om een spel/kunstje/muziek/zang te verzinnen, dus daarom
hebben wij besloten om er geen
thema aan te koppelen.
Dat
betekend dus dat jullie vrij zijn om zelf iets te bedenken.
Jullie
kunnen je tot 15 juni
opgeven bij Esther Wiersma of
Fenny
Haagsma.
Bij
geen genoeg opgave wordt de Bonte Avond geannuleerd!!!!!
Op
de zaterdagmiddag staat er de “Beddenrace” op het programma.
In
verband met het opstellen van het reglementenboekje kunnen jullie je
tot en met 15 juni
opgeven bij Esther Wiersma of
Fenny
Haagsma.
Diegene
die zich hebben opgegeven voor deze race krijgen van ons een
reglementenboekje waarin diverse regels staan waar je je aan moet
houden tijdens de bouw van het bed.
Tevens
willen wij vermelden dat wij als OV-bestuursleden begin juni bij
jullie langskomen om de contributie van de lidmaatschapkaartjes op
te halen.
Hou
hier rekening mee!!
|
Jo
sille it mar beleve!!
|
|
Briefkerij
tusken Eksmoarre en Boalsert
Bêste
Freerk,
Wat
bist ek in sukkel mei dy Brasiliaanske loopspin dy’t tusken de
bananen fûn waard yn de Jumbo yn Boalsert. Do bist sa te hearren
de ienichste Boalserter dy’t fertrouwen hat yn de wurden fan
jimme bistedokter. De bêste man hie in prachtich ferhaal betocht
oer dizze loopspin, dy’t wat ferfrommele tusken de bananas lei
te sliepen. It bist koe mei ien byt der foar soargje, dat Freerk
wer in jong keardel waard mei syn lytse man. Hast de ynstjoerde
stikken dêrnei net lêzen yn de krante, jonge ? In Brasiliaanske
loopspin bestjit net en as der al bestiet, docht der oars net as
hurd rinne. Dus dat dyn lytse jonge foar in wike in grutte man
west hat, is –sa’t se sizze- de lêste oprispen fan it libben.
En yntusken haw ik fan dyn Trees
al begrepen dat dyn grutte man wer in ferrekte lytse jonge
wurden is. Hindert neat jonge, bist net de ienichste.
En
oer oprispen sprutsen. Ik haw Lieske har oranje mantelpakje en
huodsje einliks fan har lichem pelt en har dernei wer útgroeven
út de stapel royaltysbledsjes. Se is oan it ôfkicken en hat fanôf
30 april fan 10 bledsjes ôfbout nei notiids 2 keninklike bledsjes
deis. It wie wier net bêst. Ik hie dy foarige kear al skreaun dat
wat my oangiet keninginnedei efter de ôfslútdyk koe bliuwe, mar
sa tocht Lieske der dúdlik net oer. Se kaam gek yn de kop fan de
frouljusferiening thús. Se moast nei Makkum, want dy âldste soan
fan Piet en Griet (Pieter en Margriet) dat moast sa’n spetter wêze.
It wie Maurits foar en nei. Dat ik tocht, best genôch, dy jong
keardel wurdt goed befeilige, Hindrik kin Lieske wol efkes
allinnich yn Makkum rinne litte. Hearlik, in dei ûnder it juk
wei. Moast tinke, ik bin oan kop en kont mei nei Makkum sleept. En
sa wine we der net te let. Eksakt 6 oere moarns stiene wy mei
kofje en cake te plak efter de dranghekken. Gjin minske te sjen,
alle Makkumers slipten harren rûs noch út en Maxima wie neffens
my noch de broadsjes oan it smarren. Ik haw my yn de fiif oeren
dy’t dêrnei folgen op sa grutte mooglike ôfstân holden fan
myn eigen wiif, it wie wier om dy dea te skamjen. Lokkich hie de
kommisje fan Makkum de kreft om myn wiif goed yn te skatten en hie
ekstra befeiliging oanlutsen foar Mauritius. En lokkich hat de
kamera wyslik de stappen fan de keningin folge en net it gefjocht
yn bield brocht wat myn wiif hie mei de befeiliging. En sadwaande
wiene we fiif minuten oer alve wer thús, b | |