|
DOARPSNIJS
Dorpskrant
voor Exmorra en Allingawier
Jaargang
44 ,
nr. 2047
Zaterdag
1 december
2007
|
|
Voorwoord
|
Inhoud
|
|
Beste
mensen,
DECEMBER
Op
moment van schrijven is november nog lang niet op het eind, maar
we zijn al wel bezig met het verzamelen van info over b.v. de
kerstviering. Dan komt het toch alweer dichtbij zo het einde van
het jaar!
Hoe
gaan we dit jaar de dagen doorbrengen? Het is voor veel mensen
een veelbesproken onderwerp. Je wilt eigenlijk dat alles perfect
loopt en dat iedereen gelukkig is. Wij, als redactie, wensen
jullie daarom al het goeds toe wat binnen je mogelijkheden ligt
en alvast hele prettige kerstdagen!
Deze
maand zit er een puzzel verstopt over meerdere pagina’s en
hebben we een nieuwe rubriek, n.l ‘In het zonnetje’ . In het
interview het levensverhaal van Mevr. Postma-Breemer te Makkum.
Veel
leesplezier en tot de volgende maand,
De
redaktie.
|
.
Soarch
en blydskip......... 4
Mensen.........................
6
Puzzel.........................
10
Tusken
tomme en wiisvinger 11
Út
de kranten................
19
In
het Zonnetje............ 23
Jaaroverzicht
...............25
Troch
Eksmoarre en Allingawier.................
26
Jo
sille it mar beleve.... 30
Fan
alles wat ................33
Sportnijs.....................
39
Kerknieuws..................
42
Eén,
twee, drie............. 43
Út
it laadsje.................
44
Weer............................
45
Maandkalender.............
46
|
|
Soarch
en Blydskip
|
|
Beste
dorpsgenoten,
23
november zijn wij vertrokken uit Exmorra en hebben onze intrek
genomen in Huylckenstein te Bolsward.
Ons
nieuwe adres is:
Zorgcentrum Huylckenstein
Kamer 205
Eekwerdlaan 1
8701 LT Bolsward.
Ons
telefoonnummer blijft hetzelfde, namelijk: 0515-573036.
P.S:
Kom gerust eens een kijkje nemen op ons nieuw adres.
Hartelijke
groeten van
Lolke
en Dieuwke Spijksma-Zijlstra
|
|
|
Verhuisbericht
Van
Houk & Lolkje Reitsma,
van
vierhuizen 4 Allingawier.
Naar
Prysterhoek
8 8711 HA
Workum
Wij
wensen u allen een gezond en gezegend 2008 toe en ieder wie wil is
hartelijk welkom
vanaf
3-12-2007.
Vergeet
uw nieuwjaars wens niet!
Een
bericht in het doarpsnijs hier over? Doe de wens + €1.50
in een envelop, breng het bij een redactielid en deze wordt in
januari geplaatst.
De
redactie
|
|
|
Mensen
|
|
Troch
Geart Ringnalda
Email
g.ringnalda@home.nl
IN
MEMORIAM 2007
Jellie
Vrolijk ( Makkum 28-3-1949 - Gaast( 7-10-2007) Jongste
dochter en een beetje zorgenkind van oud-Exmorster
Johan
Vrolijk en zijn vrouw, die in de jaren tachtig en negentig een
tijdlang in Exmorra woonden op Brakelstrjitte 27.
Gelukkig
trof Jellie hier een goede man
Kees Hoekstra uit Gaast en het werd een huwelijk met die
twee ! In 1989 kregen
ze
een zoon Johan
Tammerus,maar vader Kees werd ziek en overleed op 5 maart 1998.
Johan
bleef met zijn moeder achter en nu is ook moeder Jellie overleden
en Johan is alleen met op het Gaaster kerkhof twee graven........
Hindrik
Dijkstra (Wommels
5-10-1925 -Wommels 15-11-2007) De keats-dominé is der net mear, hy is
yn syn berteplak
Wommels
ferstoarn nei in tiid siik west te hawwen.Op 18 augustus 2006 is
syn frou Geertruida Zijlstra weirekke.
Syn
heit hie in textielwinkel yn Wommels, de Dijkstra's wiene tige
bekend mei de Faber-famylje yn Wommels dy't
fan
1964
ôf yn Eksmoarre wenje. Hindrik
naam de wnkel fan syn heit yn Wommels oer, hy wie in
"lapkepoep" wurden....
Doe
begûn der foar dûmny te learen, syn earste gemeente waard dy fan
Noardburgum, dernei Sint Anna (1980) en doe
fan
1984 of oant 1991 Makkum,Koarnwert,Skuzum en Piaam. Yn 1991 gong
er mei emeritaat en die doe noch alderhante
dûmnyssaken
yn Boalsert oant it jier 2000. ta Sa wie der ek faak yn Eksmoarre
op snein op de preekstoel en troch de wike
altyd
mei in keatsbal yn de bûse,,,,, It moaiste
boartersguod dat wy fan God krige hawwe............ sei er
dan.
In
bysûnder man !
Henk
Hornstra (Sondel 30-10-1948
- St.Annaparochie 16
-11-2007) It sil yn 1970 west hawwe dat de famylje Kuiper út
Boalsert nei Eksmoarre kaam te wenjen. Dochter Tineke koe noch
krekt mei as frijgesel nei Eksmoarre, der troude se nei in skoftke
mei dy
jonge
út Gaasterlân Henk Hornstra. It waard in warreboel want der wie
al in Henk by de Kuiperkes. Deselde Henk dy't no noch yn 2007
yn
de Van der Weystrjitte wennet.......
Henk Hornstra liet doe syn burd stean
waard sa by de famylje "Henk burd".
Misferstannnen
út de wei en Henk Hornstra mei burd en Tineke gongen nei Sint
Anne,Henk as learaar biology se krigen twa bern.Op 3 septimber
1974 waard Henk al wethâlder fan It
Bildt oant 30-5-2002. Fanôf
april 1994 oant april 2006 wie Henk allinne wethâlder fan IT
BILDT .. Henk waard 23 jier bestjoerslid fan it Fryske Gea,
hy wie natuerbeskermer. Syn wurk wie net ôf- makke. Yn it Bildtsk
koe men sizze: "t Leven is "werk in útfoering". it
is krekt soa onôfmaakt as de floedlijn by de kust lâns......met
feul ferdriet
hewwe
wy ôfskaid nommen fan Henk....."
Frans
Twijnstra ( Gaast 11-3--1934 - Gaast 16-11-2007) Frij
en blij libbe
Frâns yn Gaast en wurke by de gersdroegerij yn Warkum..
Gaast,
syn doarp oan de sédyk. In bytsje famylje mar..........in soad
freonen op it keatsfjlild, yn it doarpshûs (achter de skermen),
bij
de Friese Autocrossclub, bij it het Stockarteam Gaast, bij de
biljertklub, bestjoerslid fan
de begraffenisferieniging en de man
dy't
it tsjerkhôf fan Gaast sa moai ûnderhâldde. Nei in koarte
slimme sykte mei er no op dat tsjerkhôf
rêste........ Dach
Frâns !
|
|
|
|
WAT
MEAR BEKEND
OER ROMAANSKE
TSJERKE ALLINGAWIER
It
jier 2007 hat ús wat nije feiten brocht oer de romaanske tsjerke
fan Allingawier. It is de tsjerke dy't er stie foardat dizze dy't
wy no
kinne
út de 17de ieu der stiet. Samar in toerist út Vlaardingen fynt
yn it Skeepfeartmuseum yn Snits dizze simmer it oerbliuwsel
fan
in âlde sarcofaag (stiennen deakiste) út de 15de ieu út
Allingawier. Dit museum yn Snits krige in ûnderdiel fan de
deakiste
yn
de simmer fan 1947.út hannen fan de koster fan de tsjerke doe
Frits Sieswerda en de herfoarme dûmny fan doe ds.
M.J.J.Bonting .
It
museum registrearre de fynst en makke it fan't simmer bekend. It
stik stien mei ynskripsje wie op it tsjerkhof fan Allingawier fûn
yn
1947 it blykt fan deselde stien te wêzen as de reade drompel
der't wy oerhinne stappe dizze tsjerke yn en de reade stiennen
tafel
yn de foartsjerke yn Allingawier
(alterstien) fûn
mei de restauraasje fan de tsjerke yn 1975-1978 Begjin 16de ieuw
binne hjir
in
soad tsjerken fernield yn dizze omkriten (oarloch), soks sil ek yn
Allingawier bard wêze, yn Eksmoarre is it wol seker dat de
tsjerke
derre
fernield waard (jiskerêsten binne der fûn út 1515)..Der wurd
mear útsocht oer dizze saak. mei it museum yn Snits en de man út
Vlaardingen.
RECTIFICATIE
Hierbij
plaatsen wij de brief die
wij ontvingen van dhr. S. Spijksma uit Bolsward. Hij stuurde zijn
brief naar aanleiding van de rubriek Mensen in het oktobernummer
van Doarpsnijs.
Bolsward 23 Oct. 2007
Beste
mensen Exmorra en Allingawier,
Met
verbazing heb ik het Dorpsnijs van jullie gelezen. Op blz. 7. M’n
schoonouders zijn getrouwd op 10 mei 1902. de eerste drie jaren
hebben ze op ’t Jaclezet gewoond, waar nu de Fam. Tj. Bergsma
woond. Toen had schoonvader niets bij een boer onder Idzegahuizum
verhuurd, waar de Fam. Visser geboerd heeft. Daarna hebben ze een
jaar in Sneek gewoond, en werkte toen bij z’n schoonvader Otte
de Jong. Onder Scharnegoutum die op de O.B.W plaats boerde. In
1906 hebben ze een koemelkerij gehuurd te Toppenhuizen, en moest
het gras en hooi allemaal met de praam vervoerd worden. Daar
hebben ze 10 jaar gewoond. In 1916 verhuisden ze naar Tirns. Ook
weer naar een koemelkerij, wel iets groterdan te Toppenhuizen. En
daar is ook m’n vrouw geboren. In 1923 verhuisden ze naar de
Makkumermeerpolder nen was Yeb 4 jaar. In 1937 hebben zwagers Auke
en Gerlof de boerderij overgenomen en gingen haar ouders in
Exmorra wonen tegenover waar nu Terluin woont. Die woning was met
brandstofhok van Joh. de Jong. In Oct 1947 zijn ze gaan wonen
onder Allingawier, Idzegahuizem in ’t land. Vlakbij de boerderij
waar Jacob Reitsma woont. In ’t voorjaar van 1952 konden ze een
woning huren in ’t dorp Allingawier dat was beter dan helemaal
op de ruimte voor mensen op leeftijd. In 1953 is schoonvader daar
overleden en heeft schoonmoeder daar nog gewoond tot Jan. 1955. En
toen is ze bij ons in komen wonen. In 1962 is schoonmoeder
overleden, en dit is de levensloop geweest van m’n schoonouders
en niet zoals het in het dorpsnijs is vermeld. Ik wou dit even
rechtzetten. Ik hoop niet dat jullie mij dat kwalijk nemen, maar
dit zat me toch even te hoog. Misschien een tip om even beter
informatie op te doen. Dit is als rectificatie bedoeld en zou
graag naar een volgend Dorpsnijs uitzien waar dit staat vermeld.
S.
Spijksma, Bolsward
|
Tusken
tomme en wiisfinger
|
|
Interview met oud-Exmorster Gerbrich Postma -Breemer:
“It
libben hat my mylder makke”.
Direct
al na het aangrijpende interview met oud-Exmorsters Douwe en Ine
Postma speelde het door mijn hoofd. Het verhaal van Douwe Postma
over zijn belevenissen tijdens de laatste dagen van de tweede
wereldoorlog zorgde voor veel reacties en niet alleen van
dorpsgenoten. Douwe Postma vertelde hier zijn verhaal over de slag
bij Makkum met de duitsers, waar Exmorster Hendrik Postma het
leven liet. Meteen na het verschijnen van het interview speelde
bij mij de gedachte: “Hoe zou de weduwe van Hendrik Postma,
Gerbrich Postma-Breemer dit interview ervaren en hoe is haar leven
na deze alles bepalende gebeurtenis gelopen”. Ik zou haar heel
graag willen spreken, maar durfde eigenlijk niet te vragen. Want
wat zou ik nog losmaken met al mijn vragen en was het dat waard ?
Uiteindelijk, een paar jaar na het interview met Douwe Postma zijn
we als redactie toch zover en Boukje Brander trekt voor mij de
stoute schoenen aan. Ze vraagt mevr. Postma-Breemer of ze bereid
is met ons te spreken. En wat is haar reactie: “Ik ? Ik haw
dochs neat te fertellen”. Och no ja, werom ek net, ik fyn it
eins wol in ear”. Prachtige reactie, maar wat zijn vooral wij
trots op de gast van deze maand: Gerbrich Postma-Breemer,
inmiddels 91 jaar oud.
Op
een zaterdagmiddag worden Boukje en ondergetekende welkom geheten
in haar woning in Avondrust in Makkum. De thee staat klaar en
nadat we alle drie zijn voorzien van thee en koek kunnen we aan de
slag. Ze is aan het voorbereiden geslagen en is voorafgaande aan
ons gesprek al veel fotoalbums doorgeweest. Die passen dan weer
niet allemaal goed en netjes in het daarvoor bestemde kastje, maar
met het deurtje dicht ziet niemand het. Met de foto’s bij de
hand starten we het verhaal, maar zoals we iedere maand zijn
gewend, we beginnen bij het begin.
Mevr.
Postma-Breemer: Us heit en mem binne Jan Bremer en Trijntje de
Boer. En ja, hast it goed sjoen. It is Jan Bremer en ik hjit
Breemer. Doe’t ús heit him ynskriuwe woe op it gemeentehûs yn
Witmarsum, is it troch ûngelok Breemer wurden. Haw se der net
goed dien. It gemeentehûs hat letter wol sjoen dat de spelling
net goed gongen is, mar it kwea wie al bart. De namme koe net wer
Bremer wurde. En fanôf dy tiid gie ús heit en letter ek wy troch
it libben as Breemer. Us heit en mem binne trout yn 1912. Myn mem
wie in wier Eksmoarster. Har âlden wennen op de pleats dêr’t
no noch Klaas en Attie Wiersma wenje. Nei harren trouen kamen ús
âlden te wenjen yn de Flipsteech. Dat wie de stege tusken de
wenning dêr’t no famylje Feenstra (zie interview vorige week)
wennet en oan de oare kant it winkeltsje anneks skoaltsje. Us hûs
stie dan efter de wente fan no famylje Feenstra en noch foar it
spultsje wat no fan famylje van der Veen is. Hjir is yn 1913 ús
broer Harmen berne. Nei in jier binne ús âlden ferhuze nei de
wenning dy’t doe tusken de pleats fan no Drost en de wente fan
fam. Wynalda stie. Dêr bin ik yn 1916 berne en nei my yn 1918 ús
suske Aaltsje, we skele 15 moanne, en yn 1927 ús jongste suske
Arnolduske. Wy neamden har ek wol Zus. De berte fan myn suske wie
wol apart. Ik wie al alve jier en hie wier neat yn de gaten. We
wiene nei de buorlju stjoert en
doe’t
heit ús heljen kaam hiene we in suske derby.
Kinst
dy yn de hjoeddeiske wrâld fansels net mear fan foarstelle.
Mar
it wie wier in grutte ferrassing. Yntusken is ús broer Harmen al
ferstoarn, mar libje myn beide susters noch.
Heit
wie boere-arbeider by boer de Vries op Brundear wer’t no familje
Heeres wennet. Letter is der sels in frachtriderij begûn mei
fansels hynder en wein. Mar heit moast yn de earste wrâldoarloch
yn tsjinst (1914-1918) en doe binne se stoppe mei de frachtriderij
en nei syn tsjinst jierren is der fierder boere-arbeider bleaun.
Earst by Sybrandy (nu fam. Terluin). Mem wie earst help hjir en dêr
en letter ek baakster. Dat wie efternei wol aardich, kamen der
froulju oan de doar en dan diene wy as bern de doar iepen. Dan
woene se efkes allinnich mei ús mem prate. Moasten se fansels
efkes fertelle dat se swier wiene. Hiene wy fansels ek neat fan yn
de gaten, we wiene doe ek sa ûnnoazel.
Ik
haw de basisskoalle yn Eksmoarre trochrûn. We koene alle trije
wol goed leare, myn suske wie doe noch lyts, en doe’t Harmen fan
skoalle koe, hat Master Kamping mei ús âlden praten en oanjûn
dat Harmen trochleare moast. Mar heit en mem woene net Harmen
foarlûke op ús en sa barde it net.
Ik wie sels 12 jier doe’t ik fan de basisskoalle ôf gong. Op
woansdei wie myn lêste dei, op tongersdei stie ik mei myn tas,
skelk en in pear nije skuon by de pastorij fan ds. Van Kuiken. Ik
fertsjinne ien gûne yn de wike. Ik haw dêr trije jier west en
haw der in prachtige tiid hân. Letter waard hy beroppen yn
Uithuizermeden en woe my graach mei haw. Mar dat gong net troch,
heit en mem woene it beslist net. Mar ik haw tige ûnwennich west,
ik wie dêr bern oan hûs. Heit sei: der komt wol wer in nije dûmny
en dan giest der mar wer oan de slach. Ik wie fansels ek noch mar
15 jier âld. En de nije dûmny kaam ek, ds. Groot. In jonge fint
mei in jonge frou. We skeelden net safolle en ik koe it tige goed
mei har fine. Se krigen in berntsje en de frou fan dûmny koe net
rjucht mear op de trie komme. En sa kaam de suster fan dûmny, in
wier frijfaam en letter noch ien fan de frijgeselle susters fan dûmny
derby. Ik fûn har ferskriklik. Ik wie 16 jier en bin op it lêst
jankend nei hûs ta gongen. Neffens harren wiene de ruften net
goed skjin, mar ik wie der wis fan dat ik se skjin ophongen hie.
Efternei dy bliken dat it troch de bijen kaam fan in bijenhâlder
flakby. Dizze bisten skiten it leafst op myn skjinne wask.
|
|
|
|
|
Het
huis aan de Bolswarderweg, naast Drost.
Mar
ik hie skjin myn nocht, ik haw in grutte mûle jûn en bin it hûs
útrûn. De deis dêrnei moast ik wer werom, want myn skuonnen
stiene der noch. Doe’t ik binnen kaam siet de frou fan de dûmny
te gûlen. It woe har net oan dat harren skoansusters sa mei my om
pakten. Mar ik bin wol fuortbleaun.
Nei
dûmny koe ik by in húshâlding yn Boalsert komme en wie ik foar
it earst útwenjend. Ik wie dêr folle frijer en wenne by de húshâlding
oan de Snitserdyk. Dêr haw ik ien jier west. Ik haw doe wer efkes
thús west, mar koe fuortdaliks oan de slach by famylje van der
Meulen fan de izerwinkel yn Boalsert. (nu sporthuis A.P. van der
Feer). Dizze frou hie ek in berntsje krigen en koe ek net op
ferhaal komme. Ek dêr haw ik trije jier wenne en ik wie der
foaral foar de bern. Ek doe wenne ik wer yn Boalsert. It wiene
fantastyske jierren en siet hielendal yn de aktiviteiten fan
Boalsert. Koar, tsjerke en kathechese, ik die oeral oan mei. Ik
gie ek mei op fakânsje nei Amelân foar 14 dagen. Ik wie der wier
in part fan de húshâlding. Nei trije jier wie it dêr ek wer
dien, ik wie yntusken 20 jier en bin dêrnei wer nei hûs ta gien.
Hendrik
koe ik al fan Eksmoarre. Hy wie in broer fan Anna. Anna wie trout
mei Eksmoarster Age Westra dy’t yn de Polder wenne. Mem holp der
ek wol te bakerjen en dan wie Hendrik der ek wol. Ik haw nea oer
in relaasje mei him prakkeseard. Hy wie in boeresoan en ik in
dochter fan in boere-arbeider. Ik wie fansels gjin partij. Yn Nijlân
waard doe in tsjinstboade frege en Hendrik wenne yn Nylân. No dat
lukte my wol. Ik waard dêr yn januari 1940 oannommen. Hendrik
siet doe yn tsjinst en hie noch ferkearing mei in frommeske út
Lollum. Ik sei doe tsjin Jeltsje, Hendrik syn suster, dat dy
ferkearing ek net safolle mear foarstelde. Fuort dêrnei wie it út
en ein 1940 krigen wy wat ferkearing.
Hendrik
is op 15 septimber 1918 berne op Half Hichtum en dat jild ek foar
syn fiif oare broers en susters. Hendrik is it fiifde bern fan
Pieter en Japke Postma-Visser. Syn âldste sus hjit Anna, dan komt
Petronella, Geartsje, Jeltsje, Hendrik sels en de jongste is
Harmen. De pleats Half Hichtum stiet der noch. Fuort by it tsjerkhôf
yn Boalsert. Syn âlden haw yn de 20-er jierren fry flot de pleats
ferkocht en in gruttere pleats kocht ûnder Harns. Mar yn 1930
gongen syn âlden fallyt en alles is doe ferkocht. De húshâlding
hat doe ien jier yn Mullum wenne en is dêrnei ferhuze nei Nijlân.
Hendrik wenne krekt in jier yn Nylân mei syn âlden doe’t ik as
tsjinstboade ek yn Nijlân kaam te
wenjen. Hendrik wie in op en top boer, mar hy wie gjin
boeresoan mear en sa sparren wy om te emigrearen. Hendrik hie yn
de kop om boer te wurden, dan mar yn it bûtenlân. Omdat boer
hjir gjin opsje wie, is hy by de boer oan it wurk gongen, it wie
fansels oarloch.
Nei trije jier ferkearing binne we yn 1943 trout en yn
Witmarsum kaam te wenjen yn in hûs oan de Easthimmerwei ûnder
Pankoeken. It wie in prachtige, foaral noch ûnbesoarge tiid. Mar
it wie al oarlochstiid en Hendrik siet yn it ferset.
|
|
|
|
Witmarsum
hie in ferkearde boargemaster en op it lêst wie it yn Witmarsum
net mear fertrout. Hendrik hie dêr in goed kontakt mei dokter
Schuiling en dy warskouwe him bytiden krekt op tiid. Dan waard der
’s nachts wer op de rúten kloppe: “Postma fuort, razzia
..”. Hendrik woe ek altyd de klean oer de stoel flakby him haw.
Earst hie ik dat noait sa yn de gaten, oant we in ûnderdûker
Kees krigen. Ek hy die itselde. Dan makke ik der wol ris in
opmerking oer nei Hendrik en dan makke him der wat fan ôf. Pas
letter hie ik yn de gaten dat er dan hurd de klean oanstrûpe koe
en troch it rút flechte koe. Der siet ek altyd in stok tusken it
rút, sadat se der altyd direkt útkomme koene. It is ek wolris
bard hear, dan fleachen se beide it lân ien en lei ik allinnich
yn hûs. Ik wist ek neat oer wat Hendrik die. Hy prate nearne oer
en as se dan wol mei in razzia by ús kamen, koe ik wier neat
sizze. Sa hie der ek ris in legerkiste begroeven en ik hie my al
skoften ôffrege wêr’t dat ding ynienen wie. De kiste is der
noch hieltyd en myn beppesizzer Hendrik (en Marjan Postma) hat no
syn tillivyzje derop stean. Neattsjinsteande de soarch en de
spanning fan de oarloch, wie it in bliide tiid. We kamen yn
Witmarsum in soad by de buorlju, dienen dan in protte spultsjes.
Mar der stie altyd ien op wacht. Yn januari 1944 is ûs âldste
soan Piet noch yn Witmarsum berne.
Mar
it waarde hieltyd gefaarliker en sa binne we yn 1944 nei Eksmoarre
ferhuze nei it hûs dêr’t no Gerard Brunia wennet op it
Leantsje. Ja, yndie wer nei Eksmoarre. Us âlden wennen der
fansels noch, mar ik hie likegoed nei Nijlân ta wollen. Hoe dan
ek, it waard Eksmoarre. Hessel en Eeuw Bergsma wennen yn it hûs
oan it Leantsje en gongen krekt nei de pleats op Brundear. Hendrik
koe fuort by Hessel oan it wurk op de pleats en wy koene yn harren
hûs op it Leantsje. Ik tocht, no binne wy fan dat fersetswurk ôf
en kinne we mei wat minder spanning libje. We wennen der krekt en
dêr kamen Jan Mensonides en Fetze Dijkstra by ús lâns mei it
fersyk as Hendrik syn fersetswurk yn Eksmoarre troch sette woe. Ik
woe it eins net, mar Hendrik fûn it moai wurk en dus haw ik der
mei ynstimt, net wittende wat dat letter fan konsekwinsjes haw
koe. Wat haw ik dêr letter in spyt fan hân.
Hendrik
wie yn dy tiid al net folle mear thús, siet folop yn it ferset.
Ik wist dat der him goed rêde koe mei wapens. Hy joech mei oaren
ynstrukjes oan fersetsminsken om wapens te brûken. Ik wie yn dy
tiid echt wol bang, mar Hendrik en ik sieten dúdlik op ien lijn
en werom koenen we net. Yn 1944 wie ek de brânstof oeral hiel
krap. Hendrik en ik hiene goed sparre en dêrtroch in soad brânstof
yn it hok. Heit en mem wennen doe al op yn it hûs oan de
doarpsstrjitte tusken no Drost en Wynalda en hiene ek ûnderdûkers.
Flak foar de krystdagen 1944 binne wy by ús âlden ynlutsen mei
lytse Piet. Sa koene we moai de brânstof diele en wie ik net
safolle allinnich mei Piet. Yn april 1945 is doe ús twadde soan
Jan berne. Lokkich hat Hendrik wol by de berte fan Jan west.
Op
15 april 1945 hat Hendrik noch belidenis dien yn de tsjerke. Ik
koe net mei want it wie tsien dagen nei de berte fan Jan. Ik woe
der sa graach hinne, mar it koe wier net en lokkich wie Hendrik ek
fluch wer werom. Ik kin my syn belidenstekst noch goed heuge:
“Want hun ontfermer zal hun leiden”. Op moandei kaam Hendrik
thús en wie hielendal bliid, Eksmoarre wie befrijd. We haw dy dei
en jûn grut feest fiert by ús thús, mar ek it hiele doarp.
Eltsenien hie de flagge út. Tiisdeimoarns waard der op de rúten
kloppe, Hendrik moast de wapens ynleverje. It wapen lei op de
balken. Doe hat der syn fersetsoverall wer oanlutsen en is
fuortgongen mei de wurden: “Ik bin hjir gau wer”. Wurden
dy’t letter tige swier waarden.
Ik
wit it noch goed, ik siet dy tiisdei yn it rút mei lytse Piet op
de skutte. Minsken kamen lâns rinne en seagen my nuver oan. Ik
hie al sjoen dat heit de flagge yn helle hie en begreep der neat
fan. Werom ynhelje nei it feest fan justerjûn. We wiene dochs
befrijd ? Doe kaam al gau dûmny der oan. Hy fertelde dat Hendrik
ferwûne wie en dat der op wei wie nei it sikenhûs yn Snits. Ik
woe der hinne, mar doe kaam it hege wurd der út. It hoegde net
mear, Hendrik wie al ferstoarn. Ik haw allinnich mar tocht, hoe
moat it no…. Ik steunde foar in grut part op myn man en no moast
ik mei de beide bern allinnich troch. Ik bin dêrnei troch in
protte minsken troch de tiid hinne holpen.
|
|
|
|
Ik
mocht fan heit en mem by har wenjen bliuwe. Ik bin myn heit en mem
noch tige tankber dat ik by harren komme koe, mar it wie net altyd
maklik. Ik hie al jierren op my sels wenne en no moast ik my wer
oan de húshâlding fan heit en mem oanpasse. Net maklik, mar we
haw it mei syn allen rêden. Nei in pear jier woe ik dan ek wol
wer op my sels wenje. Der kamen yn januari 1950 nije huzen yn
Eksmoarre. Tagelyk kaam ek einliks it militêre pensjoen in bytsje
op gong en mei dit alle moannen fêste bedrach fan Stichting 40-45
koe ik nei de nije wente oan de doarpsstrjitte (nu Rients Piersma
en Silvia Oppedijk). Fan 1950 oant 2001 haw ik yn dizze wente
wenne mei de beide jongens. Ik fûn it hearlik om wer eigen baas
te wêze. Fan it pensjoen koe ik doe wat sparje. As de jongens
harren heit mist haw. Ja fansels, Piet kin Hendrik net mear heuge
en Jan koe dat fansels hielendal net, hy wie krekt berne. En dat fûn
ik wol jammer. Piet en Jan wiene wol hiel wiis mei omke Wiebren,
de man fan myn suster Aaltsje. En wist, yn Witmarsum hiene we in
ûnderdûker yn hûs, dy neamden we Kees, mar dat wie deselde omke
Wiebren. Piet koe it oergryslik goed fine mei syn skoanheit en fûn
der min of mear syn ferfangende heit yn. Tige wiis bin ik noch mei
de foto dêr’t Piet tegearre mei my en Hendrik op stiet. Dat is
de ienichtste fan ús trijen. Dêr is gjin foto fan ús fjouweren
of mei Hendrik en Jan. Al mei al kin ik wol sizze dat it libben my
mylder en hastich selsstannich makke hat.
It
ferstjerren fan Jan hat my miskien noch wol mear rekke dan it
ferstjerren fan Hendrik. Ik wie doe tritich jier jong, hie twa
bern en moast fierder. Ik hie net folle tiid om om te sjen. En
krekt as haw jo mear rek as je jong binne. Ik wie 80 jier doe’t
Jan, 54 jier âld ferstoarn
yn 2001. Hy hat oan’t ein ta optimistysk west en wat bin
ik bliid dat hy noch by it trouen west hat fan syn soan Hendrik en
syn frou Marjan. Mar yn dy lêste dagen is de moed my wolris yn de
skoan sakke. Ik haw yn dy tiid en nei syn ferstjerren goed yn de
put sitten. It is myn soan en in bern ferlieze docht mear sear dan
jo man ferlieze.
Fierder
fyn ik dat ik net kleie mei. Us Pieter is trout mei Geertsje en
hat trije bern krigen: Hendrik, Annet en Gerbrich. Se binne alle
trije trout. Jan is trout mei Fokje en hat, wol bekend by jim, ek
trije bern krigen: Hendrik, Goikje en Gerbrich. Ik haw it ek tige
goed troffen mei myn beide skoandochters Geertsje en Fokje. De
bern fan Jan en Fokje binne ek alle trije trout en wyls haw ik al
13 oerbeppesizzers krigen. Ik kom hjir yntiid neat te koart. Ik
haw hjir yn Makkum in goede fersoarging en haw it tige goed nei it
sin.
Aan
het einde van ons gesprek laat mevrouw Postma ons nog een mooie
tekst lezen die ze zelf heeft geschreven en die wat mij betreft in
een paar zinnen krachtig haar leven weergeeft. Ik vind het
prachtig geschreven en wil het de lezers na dit indrukwekkende
verhaal niet onthouden:
Myn
libbenswei
Wie
sa foar en nei
Net
maklik, Hear
Mar
ik spile it klear
Ik
koe fleurich bliuwe
Want
myn libbensgrûn
Hear,
haw ik by Jo fûn.
Mevrouw
Postma-Breemer, namens Doarpsnijs, bedankt voor deze middag. U
heeft ons met dit gesprek een kort kijkje gegund in uw
indrukwekkende leven.
Bedankt voor uw openhartigheid en we hopen dat u de komende tijd
in een goede gezondheid nog veel kunt genieten van de bern,
lytsbern en de oerbeppesizzers.
Tekst:
Sarie Lycklama à Nijeholt
Foto’s:
Mevr. Postma-Breemer
|
|
Út
de kranten
|
|
Werk
passie Klaske Ypma-Prins
Bestuurslid
CBO Wûnseradiel actief betrokken bij basisonderwijs
SNEEK-
Vanaf 1997 is Klaske Ypma-Prins als bestuurslid van CBO Wûnseradiel
actief en met veel plezier betrokken bij het basisonderwijs. Na 10
jaar als verpleegkundige in het Antonius Ziekenhuis, werkt zij
sinds vorig jaar als psycholoog en regiomanager voor Shared
Ambition.
Waar
en wanneer bent u geboren?
Ik
ben ik Sneek geboren op 13 maart 1962.
Wat
is uw huidige functie?
Ik
werk als psycholoog/consultant voor Shared Ambition. Dit is een
landelijke organisatie die zich richt op werk en vitaliteit en het
terugdringen van ziekteverzuim. We hanteren een geïntegreerde
aanpak op het gebied van psychische gezondheid. Het wekrk bestaat
uit individuele begeleiding van mensen met klachten van psychische
aard, zoals overwerktheid, overspannenheid, angst-en
spanningsklachten, het omgaan met belasting en verwerking van
ingrijpende gebeurtenissen. Wanneer mensen vastlopen bieden we
ondersteuning in het zoeken van een oplossing en het creëren van
toekomstperspectief. De begeleidingstrajecten kunnen snel na
aanmelding worden ingezet. De trajecten zijn intensief en hebben
een doorlooptijd van 5 tot 6 weken.
Verliefd,
verloofd of getrouwd. Kinderen?
Al
23 jaar getrouwd met Pieter, we hebben samen 2 dochters en 1 zoon.
Uw
grootste passie/hobby?
Mijn
werk is mijn passie. Daarnaast mag ik graag buiten dingen doen:
tuinieren, wandelen en fietsen.
Waarvoor
mogen ze u midden in de nacht wakker maken?
Liever
niet.
Uw
grootste ergernis?
Ik
erger me niet zo snel, maar bumperkleven en haastige mensen in het
verkeer vormen wel een bron van ergernis.
Laatst
gekochte cd?
Ik
koop nooit cd’s.
Laatst
gelezen boek?
|
|

|
|
Uw
favoriete vakantieland?
Ja
het is vlakbij, maar toch nog steeds Terschelling.
Wat
mist u in uw woonplaats?
Ik
ben tevreden, het is goed wonen in Exmorra. Ik geniet alle dagen
van de ruimte en het weidse uitzicht.
Met
wie zou u graag eens een dag willen ruilen?
Geen
idee.
Welke
droom wilt u nog realiseren?
Met
bevlogenheid en passie kunnen blijven werken. Waarbij ik graag
afsluit met mijn motto: ‘Ga ervoor en doe wat je doen moet! En
geniet van de dingen die je doet, want je slaagt pas als je
geniet!’
| |